Prinses Irene iepenet Fête de la Nature yn De Alde Feanen
Resint ferskynd
Grutste grassroots-natuerfestival fan Nederlân dit jier op 25, 26 en 27 maaie
Yn it wykein fan 25, 26 en 27 maaie wurdt de fyfde edysje fan Fête de la Nature holden. It grutste grassroots-natuerfestival fan Nederlân telt hûnderten eveneminten ferspraat oer hiel Nederlân. Fête de la Nature is in ynternasjonaal festival en wurdt ek fierd yn Frankryk, Switserlân en Portugal. It is in iepen festival en dat betsjut dat elkenien mei in aardich idee by Fête de la Nature in grien evenemint organisearje kin. Gjin inisjatyf is te lyts of te grut.
Yn 2018 is Nasjonaal Park De Alde Feanen de haadlokaasje fan Fête de la Nature. Om’t Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa ia, sil by Fête de la Nature ekstra omtinken wêze foar de relaasje tusken kultuer en natuer. De Alde Feanen is in weardige opfolger fan Nimwegen (2017), Ynskedee (2016), Utert (2015) en De Haach (2014).
De offisjele iepening fan Fête de la Nature yn ’e Alde Feanen sil ferrjochte wurde troch de foarsitter fan it Nasjonaal Park, de deputearre fan de provinsje Fryslân en Prinses Irene. Dêrnei begeliedt Prinses Irene belangstellenden op in bysûndere natuerbelibbing. De Wageningske heechlearaar Natuurherstel en filosoof Matthijs Schouten jouwe oanslutend in lêzing oer ús grûnhâlding foar de natuer oer.
Besikers fan Fête de la Nature kinne dit jier yn de omkriten fan De Alde Feanen ûnder oare meidwaan oan de berneaktiviteiten lykas sels pizza meitsje, wolbelibbing of in krûdekuiertocht, of De Alde Feanen by nacht yn in sloep ferkenne. Op oare plakken yn Nederlân kinne de dielnimmers ûnder oare leare oft túch fuorthelle of just ferspraat wurde moat, feest fiere yn it nije park Elisabeth Groen of op safary yn de Twintske natuer.
It programma fan de grassroots-eveneminten dy’t oant no ta oanmeld binne foar Fête de la Nature stiet hjir.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje