Pieter Post: boekbesprek

april 26, 2018 14:57

De Neakene Wierheid, De Naakte Waarheid

Wytze Brandsma
Narratio 2018, 65 siden
Priis € 9,00
ISBN 978 90 5263 494 4

Wa’t de agooch-teolooch Wytze Brandsma in bytsje ken sjocht in man foar him mei in skôgjende en ôfwachtsjende eachopslach. As it wier is sa’t wy sizze, dat eagen de siel wjerspegelje, dan sjogge wy wat him dwaande hâldt en ynspirearret: De Neakene Wierheid. Dizze twatalige dichtbondel folget op God is it antwurd net, dy’t yn 2016 by deselde útjouwerij útkaam. Ds. Jan Wouda en Jan Breimer joegen advizen foar de Fryske oersetting.

Brandsma hâldt fan frijheid. Dat lêst men ôf oan it omslach: in strântafriel mei yn de fierte kuierders, en dêrboppe in blauwe loft mei wolken. Gjin strak blauwe loft dus, en ek net in smetleas wyt strân, mar in troch wetter foarme ritich ferhurde stik strân, dêr’t goed oer te kuierjen is, en moai fan struktuer. Ik haw altyd it idee dat de kar foar in omslach de ynhâld ek wjerspegelet. De dichter lit de ferbylding oer oan de lêzer. Dêrom skilderet er ek graach mei wurden dy’t betsjutting jaan wolle oan de essinsje fan it libben, ûntliend oan de eagen fan Brandsma.

Sa nimt er ús mei nei 62 gedachtegongen oer libbenstema’s as Kwetsberens, Heechmoed, Weitsje en Twasumens, om samar in pear te neamen, dy’t iksels net ûnderbringe soe ûnder de literêre foarm fan it gedicht, sa’t de efterflap suggerearret (‘dichtbondel’), omdat se earder grinzje oan aforismen, dy’t yn koarte sinnen wiisheden bleatlizze. Ofsjoen fan de foarm sjoch ik nei wat se mei my dogge, en haw ik by in stik of tema’s wurden skreaun, lykas ‘hoopfol’ by Kwetsberens. It is benammen de spanning tusken de ûnwissens fan it kwetsber wêzen en de takomst dy’t ús oansein is, dy’t hoopfol is: wês net bang. Plak foar it wûnder is der yn Hoeder, dat net frij is fan teologysk jargon, en net los is fan tradisjoneel kristlik leauwe dat wiist op Jezus as ‘ynkarnaasje fan Gods kreaasje’. En fierder: soe Brandsma’s eardere, grifformearde foarman Kalvyn him dwerssitte yn de tema’s Utferkiezing en Arbeidsetos? En is de filosoof Levinas mei syn minsklik antlit in ynspirator yn Gefoel? Typearjend foar aforismen is ek de humor. Ik moat laitsje om Mantelsoarger: ‘God draach my op dyn rêch mar lit dyn ezel thús’. De ferbylding jout my yn: wa is de ezel?

As lêste, yn gjin inkelde tekst falle lêstekens op. Men fynt fraachteken noch útropteken, punt of komma. Men kin se der wol by tinke, lykas yn Belutsenens dêr’t de lêste twa rigels fan binne ‘wat is de sin fan it bestean’. Dat weilitten hat faaks ek de bedoeling om foaral nimmen stjoere te wollen, of om wat definityf fêst te lizzen, wylst der wol allegear fragen oproppen wurde. Sa besjoen nimt de skriuwer ús mei nei in tal libbensgebieten dy’t freegje om sinjouwing.

Ik sjoch mysels oer dat strân rinnen, en hjir en dêr wurd ik in pear rimpeltsjes gewaar dy’t lay-outfoutjes blike te wêzen, mar dat deart myn kuier net. Al mei al wurdt de lêzer behelle yn de analyzes oer it libben sa’t Wytze Brandsma dat yn syn hjoeddeiske libbensfaze waarnimt, ûnderfynt, oertinkt en leafhat as De Neakene Wierheid. De bondel is perfoarst it lêzen wurdich, ek yn in lêzersrûnte. De fraach dy’t lykwols by my boppe driuwt, is: hoelang bliuwt in skriuwer op dit mêd autentyk? Brandsma tinkt oer in tredde bondel.

Dr. Pieter Post is mennist teolooch en predikant foar de Feriene Menniste Gemeente It Hearrenfean en Tsjalbert.

 

april 26, 2018 14:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*