Nominaasjes Rink van der Veldepriis 2018 bekend

april 11, 2018 09:16

Trije skriuwers komme yn ’e beneaming foar de priis

De nominaasjes foar de Rink van der Veldepriis 2018 binne bekendmakke. Geart Tigchelaar, Willem Schoorstra en Nyk de Vries komme dit jier yn ’e beneaming foar dy Fryske literêre priis. Tigchelaar mei syn boek Bêste jonge, Schoorstra mei De nacht fan Mare en De Vries mei Renger.

Priisútrikking
De priisútrikking stiet plend op freed 15 juny oansteande. By de Skriuwersarke op ’e Feanhoop organisearje gemeente, stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en It Fryske Gea dan in mienskiplik evenemint. Njonken de útrikking fan de Rink van der Veldepriis is dan ek de ôftraap fan it skriuwersseizoen yn de arke. De nije tydlike bewenners fan de Skriuwersarke stelle har dy middei foar oan it publyk.

Betingsten
De Rink van der Veldepriis bestiet sûnt 2004. Eltse twa jier wurdt de priis útrikt oan de skriuwer fan it boek dat skreaun is yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen en it bêste oanslút op it wurk fan Rink van der Velde. Fierder moat it boek skreaun wêze foar in breed lêzerspublyk.

Priis
De winner fan de Rink van der Veldepriis 2018 kriget in byldsje, ûntwurpen troch Anne Woudwijk en ynspirearre op it wurk fan de Fryske skriuwer. Dêrnjonken ûntfangt de winner in jildpriis fan twatûzen euro, beskikber steld troch it FLMD.

april 11, 2018 09:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe april 11, 11:04

    GJIN SJUERY?

    Parseberjocht fan ,,De stifting” (FLMD). Wa’t de sjueryleden binne, stiet der net by. Wêrom net, Stifting FLMD? Sa dreech is dat net, sjoch it parseberjocht oer de Buddinghpriis op dizze selde side. Yn de regleminten fan de RvdV-priis, troch de gemeente Smellingerlân, de Friese Pers Boekerij en Tresoar dd. 26 maart 2012 fêststeld, stiet: ,,Tresoar kriget in opdracht fan de Fryske Pers Boekerij om in ûnôfhinklike sjuery, gear te stallen.” Lykwols wurdt dêr gauris mei marsjandearre. Sa wiene yn it resinte ferline redakteuren fan de literêre tydskriften ensafh en Skanomodu (opdoekt) sjuerylid. Dan hat de fermelding fan ,,ûnôfhinklik” fansels gjin doel, of de Stifting FLMD (priisorganisaasje oerkrigen fan Tresoar) moat it wurd oars ynterpretearje as it wurdboek.

  2. Abe april 11, 14:09

    Ek aardich om te witten: gadingmakker Renger fan Nyk de Vries ferskynde yn 2015, yn it Nederlânsk; de Fryske oersetting in jier letter. De Rink van der Veldepriis wie lykwols ynsteld foar oarspronklik proaza, net foar oersettingen, en boppedat foar wurk dat yn de twa jier foar de priisútrikking ferskynd is. Yn dit gefal dus foar wurk út 2016 en 2017. Ergo, de Stifting FLMD hat besletten om de regleminten te feroarjen, sadanich dat alles wat yn it Frysk skreaun is, makket net út wannear`t it ferskynd is of dat it om in oersetting giet, yn ‘e beneaming komt foar de priis. Wêrom? Simpel, oars duorret it har te lang foar’t se wer in snoepke útdiele kinne – der ferskine ûnder it âlde reglemint no ienris net genôch gadingmakkers….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.