Nominaasjes C. Buddingh’-priis 2018 bekend

april 11, 2018 09:13

Wa skreau it bêste Nederlânsktalige poëzijdebút fan it jier?

Foto: Stichting Poetry International

De sjuery fan de C. Buddingh’-priis 2018 nominearret de debuten fan Dean Bowen, Radna Fabias, Elisabeth Tonnard en Arno van Vlierberghe foar de 30e C. Buddingh’-priis, de jierlikse priis foar it bêste Nederlânsktalige poëzijdebút. De sjuery, besteande út Charlotte Van den Broeck, Jeroen Dera en Antoine de Kom, krige ienentweintich debútbondels ûnder eagen. De winner fan de C. Buddingh’-priis 2018 wurdt op tongersdei 31 maaie oansteande bekendmakke yn De Staat van de Poëzie, in spesjaal programma op it 49e Poetry International Festival.

“De ynstjoerings fan dit jier tsjûgje fan grut ferskaat en fiergeande fernijing, in syktocht nei engaazjemint yn talige foarm dêr’t de krêft fan poëzij as ûntwrichtsjend medium yn dúdlik wurdt”, seit de sjuery. “Taalplezier moat it no en dan ûntjilde yn de soms selebrale identiteitspoëzij, dy’t in dúdlike syktocht nei it ‘ik’ foarmet. Opfallend binne de lytse útjouwerijen: sy hawwe in foartou naam yn it bekuierjen fan de wei fan fernijing en doare opfallende stimmen út te jaan.”

De nominearre debuten op in rige:
Bokman fan Dean Bowen – Utjouwerij Jurgen Maas
Habitus fan Radna Fabias – Utjouwerij Arbeiderspers
Voor het ideeal, lees de schaal fan Elisabeth Tonnard – Utjouwerij Het Balanseer
Vloekschrift fan Arno Van Vlierberghe – Utjouwerij Het Balanseer

Klik hjir foar mear ynformaasje oer de nominearre boeken.

C. Buddingh’-priis
Sûnt 1988 wurdt op inisjatyf fan Poetry International alle jierren de C. Buddingh’-priis útrikt oan de skriuwer of skriuwster fan it bêste poëzijdebút. Mei de priis beëaget Poetry International mear omtinken te generearjen foar talintfolle nije stimmen yn de Nederlânsktalige poëzij.

Utrikking en presintaasje
De C. Buddingh’-priis 2018 wurdt op 31 maaie útrikt yn De Staat van de Poëzie op it Poetry International Festival. Yn oanrin op de útrikking presintearje de dichters harren nominearre debuten op tongersdei 17 maaie om 17.00 oere yn de gesellige tún fan Boekhannel v/n Van Gennep, oan de Oude Binnenweg yn Rotterdam.

april 11, 2018 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*