NK Ynternasjonaal damjen yn Harns (5)

april 14, 2018 07:46

Tongersdei 12 april like de klad der wer yn te kommen by de dielnimmers oan it NK ynternasjonaal damjen te Harns. Der kamen in pear skoandere spullen op it boerd, dêr’t lykwols mar twa fan útmakke waarden. Wurch? Of bang om noch in plakje te sakjen yn ’e einstân?

De earste oerwinning wie foar Wouter Sipma (s) yn syn spul tsjin Wim Kalis. Dy lêste kaam folslein fêst te stean, en Sipma makke it sekuer út. Hulde! Jos Stokkel koe it ek net oprêde tsjin Roel Boomstra: hy moast in hout weijaan, en dêrnei liet de swartspylder syn ein net mear slûpe.

Jitse Slump like mei wyt ek te winnen tsjin Nick Hoving. De stân like wakker wûn te wêzen, mar Hoving striek stûf troch en makke gebrûk fan it feit dat Slump net folle tiid mear hie, en helle der sadwaande noch in min-kamp út.

Op in gegeven stuit like Bas Messemaker (w) tsjin Bhiem Randien ek winst yn hannen te hawwen. Mar dizze swartspylder liet him der ek fuort net ôf strike. Yn it einspul hiene beide mannen in wolf en in stikmannich houten, en wyt keas foar ôfwikkeljen nei kamp. Dêr kin de tiid in rol by spile hawwe, of faaks ek it draaioargel dat yn in kritike faze de spylfreugde wakker ferhege.

Ron Heusdens (w) en Wouter Wolff spilen sûnder mis in moai spul en kamen út yn in lestich einspul fan elk in wolf mei fjouwer houten. Beide mannen diene noch efkes war, mar keazen doe spitigernôch dochs foar kamp. Itselde diene Van IJzendoorn (w) en Baljakin, en dat op ’e 42ste set mei elk in wolf en seis houten!

Utsoarte waard Van IJzendoorn net minder fan dat alles: syn foarsprong is no bestevige op 14 punten mei ien punt mear as syn direkte konkurinten Baljakin en Boomstra.

Marten Walinga (r) tsjin Hein de Vries (12 april 2018). Foto © St. WFD

By it Fryske damjen wie der yn ’e sechsde omloop noch in ferrassing: Kees Tyssen (s) spile Marten Walinga finaal fan it boerd. Fierders wûnen Groenveld (w) fan Dykstra, Zylstra (s) fan Sikma en Wiersma (s) fan Tulleken. De Vries (s) wûn ek fan Riupassa, mar dy hold it spannend oan it stuit ta dat beide mannen noch mar fjouwer houtsjes hiene: in prestaasje foar de debutant fan dit jier!

Mei Tyssen syn oerwinning wiene de plakken foar de finale en heale finale fersein, en de kandidaatsplakken foar it wrâldkampioenskip ek: Walinga, Tyssen sels en De Vries binne kandidaat, en spylje mei Groenveld, dy’t him earder al pleatst hie om de earste fjouwer plakken fan it NK Frysk damjen.

De heale finales binne ûnderwilens wûn troch Walinga (1½-½ tsjin De Vries) en Groenveld (2-0 tsjin Tyssen). Tyssen liet it yn it earste spul sitte en skerpe him yn ’e twadde omloop better op, mar noch krekt net genôch. Walinga wûn yn it earste spul tsjin De Vries mei in fraaie kombinaasje it nedige tempo, en koe dêrmei de partij winne. It twadde spul waard kamp, mar dat wie genôch foar it finaleplak. It kampioenskip giet dus tusken Walinga en Groenveld, wylst Tyssen en De Vries noch om it tredde en fjirde plak damje moatte.

Op de thússide: Folkert Groenveld (12 april 2018); foto © St WFD
april 14, 2018 07:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.