NK Ynternasjonaal damjen yn Harns (4)

april 12, 2018 07:44

11 april 2018, 8e omloop
De fluchste partij wie dizze loop dy fan Hoving (w) tsjin Kalis. Hoving sette it spul út ‘e iepening wei net goed op en ferstriek him deroerhinne ek nochris op ‘e 14de set. Swart koe no maklik wolf helje, mar sa fier liet wyt it net komme, en hy joech de hân.

It spul Boomstra-Slump run ek flot fan ‘e tried, al gong it sa mâl net. Slump koe alle gefaren omsile, en mei fiif tsjin fiif houten wiene de spilers it wol iens: kamp.
Slump – Van IJzendoorn wie in fraaie partij, dêr’t swart op in gegeven stuit in houtsje jaan koe om troch te brekken. Mar mei in kombinaasje koe wyt itselde. It einspul dat derútkaam, betsjutte lykwols oermacht foar swart, dy’t it spul kreas útmakke.
Yn it spul Baljakin-Heusdens hie swart neffens de analyze goeie kânsen. Mar nei in mislearre trochbraak fan Heusdens koe Baljakin sels wolf helje. Dy wie lykwols sa djoer, dat der siet net mear yn as kamp.
Randien (w) spile in lykwichtich spul tsjin Stokkel, mar makke yn ‘e alderlêste faze in flater en ferlear lykwols. Foar it fraaie miniatuerke dat ta winst late, krige Stokkel de deipriis.
Wolff (w) tsjin Messemaker rûn ek moai lykop, mar no fersinde swart him yn ‘e einfaze, en dat koste him it spul.
Van IJzendoorn stiet sadwaande allinnich boppenoan mei 13 punten. Dan komme Baljakin (12) en Boomstra en Stokkel (11).

NK Frysk damjen, fjirde omloop (10 april)
Sikma – Riupassa: 1-0. Klasse partij fan Riupassa, dêr’t Sikma pas oan ’e ein in foardiel deryn breidzje koe.
Tullen – Tyssen: 1-0. In boppeslach foar Tulleken! Hy rekke yn ’e iepening in hout efter, mar spile gewoan troch oan syn oare kant. Oan ’e ein makke er sekuer gebrûk fan in flaterke fan Tyssen, en pakte sûnder ferwin de winst.
Dykstra – Wiersma: 0-1. Spannende, lykweardige partij. Spitigernôch wie Dykstra oan ’e ein krekt wat te begearich en koe Wiersma doe ynienen maklik winne.
Walinga – De Vries: 0-1. Noch in ferrassing. Walinga keas de ferkearde fuortsetting mei in plakker op in oanfal fan De Vries. De plakker smiet him in wolf op, mar dy koe ienfâldich ôfnommen wurde, en doe hie De Vries it spul yn hannen.
Groenveld – Zylstra: 1-0. In flitsende partij mei kânsen foar beide spilers, dy’t dúdlik oaninoar weage wiene. Mar oan ’e ein stiene Groenveld syn houten dochs krekt eefkes better!

Fiifde omloop (11 april)
Wiersma-Walinga: Wiersma joech yn it middenspul in houtsje mei de bedoeling om dat letter wer op te heljen, mar dat koe Walinga keare. Hy joech de foarsprong net wer út hannen en wûn it spul.
Riupassa – Groenveld: Riupassa kaam mei in hout minder út ‘e iepening wei. Hy spile fûleindich troch, mar moast yn it einspul dochs belies jaan.
Tyssen – Sikma: Sikma spile in poerbêst spul, mar moast by trije om trije in hout weijaan. Dêrmei hie Tyssen de winst yn hannen.
Zylstra – Dykstra: Dykstra helle in foarpost oan ‘e râne fan it boerd yn ‘e iepening, mar dy waard letter op fraaie wize troch Zylstra derwei ruile. Zylstra hold in foarpost oer, midden op it boerd. Hy koe dêrmei trochbrekke en stie bepaald net minder, mar trape yn in aaklik setsje fan Dykstra, dy’t alsa wûn.
De Vries – Tulleken: swart kaam in hout efter yn it middenspul. Hy striek ek moedich fierder, mar it joech allegearre neat: De Vries wûn it spul.

april 12, 2018 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*