NK Ynterjasjonaal damjen yn Harns (6)

april 15, 2018 08:12

10de omloop NK damjen yn Harns
Yn ’e 10de omloop wiene der wer fjouwer oerwinningen om fan te genietsjen, en ek noch mear.

Stokkel wûn mei swart fan Hoving. Dy like de hiele partij perfoarst net minder te stean, mar joech oan ’e ein it spul folslein út hannen.
Boomstra wûn mei wyt fan Messemaker. Dy beide manlju spilen yn it earst ek in lykweardich spul, mar Messemaker fersinde him yn tiidneed.
Sipma wûn mei wyt fan Slump troch de druk njonkenlytsen swierder te meitsjen. Op it lêst wie der gjin rêden mear oan foar swart: in fertsjinne 2-0.
Baljakin wûn ek mei wyt tsjin Kalis, troch tûk nei in einspul mei oermacht ta te spyljen. Hulde!
De kampspullen wiene foar Wolff-Ramdien en Heusdens -Van IJzendoorn. Ramdien like yn it middenspul in hout foar komme te kinnen, mar wie te begearich. It oare spul wie in skitterjende striid, en net ien fan beide joech de oare wat ta. Faaks wol de meast fertsjinne kamp fan it toernoai, mar tagelyk de ein fan Van IJzendoorn syn foarsprong!

Finale Frysk Spul
By it Fryske spul wûn De Vries om it tredde en fjirde plak twa kear fan Tyssen, dy’t dúdlik syn dei net hie. Yn ’e earste partij hie De Vries der mei wyt in fraaie lokset yn breide, dêr’t Tyssen te begearich op yngie. Yn it twadde spul sette Tyssen de houten net goed op it boerd, en koe De Vries it maklik útmeitsje. Dêrmei wie it tredde plak foar De Vries en it fjirde foar Tyssen.

Wilens ferseach Walinga (s) him mei in efterstreek tsjin Groenveld, dy’t him op in hout efter kaam te stean. Hy moarde noch lang troch, mar Groenveld hie gjin moederaasje en wûn it spul. Yn it twadde spul ferstriek Walinga him en koe Groenveld sadwaande de earste Nederlânske titel frij maklik opfandelje. Folkert Groenveld is dêrmei de earste offisjele Nederlânske kampioen Frysk damjen!

Roem Boomstra (l) tsjin Nederlânsk Kampioen 2018 Alexander Baljakin. Foto © Stifting WFD

april 15, 2018 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*