Nij ûnderwiiskonsept foar Dockinga Ferwert

april 25, 2018 15:44

Dockinga- Ferwert

De lokaasje Ferwert fan it Dockinga College is folop yn ûntwikkeling. Der is de ôfrûne tiid stûf wurke oan in nij ûnderwiiskonsept, in foarm fan ûnderwiis dêr’t yn personalisearre wurdt en romte hat foar fleks-oeren en fakoerstigend wurkjen. Dat konsept hie it Dockinga College graach realisearje wollen yn in nij skoalgebou. Troch slim oprinnende boukosten is it net mooglik de bou te gunnen oan in bou-ûndernimmer.

Nettsjinsteande it feit dat de nijbou net trochgean kin, wurdt der wol hurd wurke oan it realisearjen fan it nije ûnderwiiskonsept. Yn maaie begjint in proefperioade en it is de bedoeling om it nije konsept mei yngong fan it nije skoaljier yn te fieren.”

Ynterim direkteur-bestjoerder Kees Blokland is optimistysk en sjocht út nei de takomst. “In lytse skoalle as Ferwert lient him yn it bysûnder foar sa’n ûnderwiiskonsept: in skoalle dêr’t learlingen kend en weromkend wurde.”

april 25, 2018 15:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.