Nij stik fan Tryater spilet op de Foarstreek

april 19, 2018 09:01

Foto: Niels Westra/Tryater

Wereldburgers van de Voorstreek, dat heart ta it haadprogramma fan LF2018, is it resultaat fan in unike gearwurking tusken de Ljouwerter Krante en Tryater. It teatrale en sjoernalistike projekt giet oer de wrâld fan no, oer it Europa fan no, oer it Ljouwert fan no. Wereldburgers van de Voorstreek iepenet de doar nei in nije wrâld yn de stêd.

Raymond, hikke en tein yn Ljouwert, komt op de Foarstreek yn situaasjes dy’t net fan him binne. Hy makket in trip en kriget sa tagong ta it wiere gesicht fan de Foarstreek. De situaasjes binne net betocht. Der wurdt spile mei de rykdom oan dialekten en aksinten fan de strjitte. En wêr’t wurden tekoartsjitte, nimt muzyk it oer. In magysk-realistyske reis.

Yn Wereldburgers van de Voorstreek wurdt Nederlânsk, Frysk en Liwwadders praat.

Transmediale gearwurking 
Ira Judkovskaja (Tryater) en Kirsten van Santen (Ljouwerter Krante) realisearren har dat de wrâld him iepenbieret rjocht ûnder ús noas. Benijd gienen se mei dy ferhalen oan de slach. Elk út syn eigen profesje wei. Wereldburgers van de Voorstreek spilet fan 25 april o/m 26 maaie op de Voorstreek 39-47. De Ljouwerter Krante bondelet de ferhalen fan de bewenners en de beskôgingen op de Voorstreek yn in LC-bylage, dy’t útkomt op 21 april. Filmkes en podcasts binne fan dan ôf te besjen op wereldburgersvandevoorstreek.nl.

Meiwurkers foarstelling
Rezjy en konsept Ira Judkovskaja
Ko-rezjy Aukje Schaafsma
Muzyk en spul: Beppe Costa
Spul: Nynke Heeg, Raymond Muller en Tamara Schoppert
Kostúms Linda Eijssen; ljochtûntwerp Koos de Vries

Lês fierder oer de foarstelling / bestel kaarten.

april 19, 2018 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*