Nei alle gedachten wolf by Appelskea

april 15, 2018 09:11

Der rint nei alle gedachten in wolf yn Fryslân. Yn de omkrite fan Appelskea binne sneontemoarn twa skiep deade, wêrtroch’t it fermoeden ûntstie. Allinnich in DNA-test kin útwize oft der yndie sprake is fan in wolf. It soe foar it earst sûnt lange tiid wêze dat der in wolf yn Fryslân sinjalearre is. De ôfrûne jierren ha der mear meldings west fan wolven yn Nederlân, benammen yn it easten.

Foto: pixabay.com

By de deade skiep is materiaal ôfnaam om DNA-ûndersyk út te fieren. Begjin maaie sil dúdlik wêze oft it werklik om in wolf giet. De provinsje Fryslân hat BIJ12-Faunafûns ynskeakele om de skea ôf te hanneljen. De provinsje Fryslân hannelet neffens it wolveprotokol dat de provinsjes mienskiplik opsteld ha. Dat protokol is in stappeplan mei aksjes, lykas it dwaan fan DNA-ûndersyk. De wolf is in beskerme bist. Nei alle gedachten giet it om in wolf út Dútslân. De wolven lûke troch it lânskip en binne op syk nei in nij territoarium. Wolven blike dêrby in foarkar te hawwen foar militêre oefenterreinen.

Yn desimber-jannewaris hat ek al in wolf yn ’e omkrite fan Fryslân west. Dy droech in stjoerder. De wolf bliek krekt foar Meppel yn súdlike rjochting gien te wêzen en hat no in plakje fûn op in militêr oefenterrein yn België. Wolven binne meast ûnderweis as it tsjuster is en mije minsken. Se kinne soms wol yn ’e buert fan bebouwing komme. It advys is om de wolf gewurde te litten.

Mear ynformaasje oer it wolveprotokol kinne jo hjir fine.

april 15, 2018 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*