Nasjonale Museumwike yn Natuermuseum Fryslân

april 9, 2018 07:53

De Nasjonale Museumwike is dit jier fan 9 oant en mei 15 april. Tema is: ‘Us echte goud’. It echte goud fan de musea leit opslein yn ’e depots. Alle musea kieze dêr in pronkstik út dat yn de Museumwike ekstra ûnder de oandacht brocht wurdt.

Foto: Pieter Kers | Beeld.nu

Yn it Natuermuseum yn Ljouwert stiet yn ’e Museumwike it Grutte Skriezeteater sintraal, dêr’t ús nasjonale fûgel de skries teatraal yn belibbe wurde kin. It pronkstik fan it Natuermuseum foar 2018 is dan ek de skries, dy’t de besikers fan it skriezeteater wolkom hjit en fertelt wat se ferwachtsje kinne. En dat is hiel wat.

Yn it Grutte Skriezeteater moatte je klimme en op ’e grûn lizzen gean, nei de djipte ûnder je sjen of just nei boppen dikerje mei in fierrekiker. Der is in tsjustere gong fol gefaren en der binne spannende lûkjes. De skries sels nimt je mei yn syn ferhaal, mar de oare greidefûgels litte ek fan har hearre, dy rabje nammentlik hiel wat ôf!

It Grutte Skriezeteater is in unike kombinaasje fan teater, ynstallaasje en útstalling en makket diel út fan it haadprogramma fan LF2018. It projekt is ta stân kaam yn gearwurking mei Kening fan ’e Greide en ûnder rezjy fan teatermakker Theun Mosk.

Spesjaal foar it wykein fan 14 en 15 april is de yntree € 1,- de persoan. Reau fan Keep them Rolling rydt besikers tsjin in lytse fergoeding fan it iene museum nei it oare. Der binne trije halten: by it HCL/Tresoar/Princessehof, by it Frysk Museum en by it Natuermuseum Fryslân.

april 9, 2018 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*