Minister jout oplossing foar ûnderwiisefterstannen

april 26, 2018 21:14

Foto: pixabay.com

Der sil de kommende jierren wat dien wurde oan ‘e ûnderwiisefterstannen fan bern yn lytse gemeenten. Minister foar ûnderwiis Arie Slob hat besletten om ûnderwiisjild by grutte gemeenten lykas Amsterdam en Utert wei te heljen en dat oan ‘e lytse gemeenten ta te skikken. Basisskoallen yn ‘e Rânestêd binne benaud dat bern yn ‘e grutte stêden fan ‘e maatregel te lijen hawwe sille.

342 gemeenten geane der troch de nije jildferdieling op foarút. 38 gemeenten krije minder jild. Guon lytsere gemeenten krije wol sân kear safolle jild as no it gefal is.

Gemeenten hawwe sels in grutte stim yn ‘e besteging fan it jild. Dat kin bygelyks gean nei taallessen yn ‘e pjutteboartersplakken, mar ek foar ekstra ynvestearrings yn it basisûnderwiis.

Oft Fryske gemeenten it jild brûke sille om wat te dwaan oan ‘e minne behearsking fan it Frysk dy’t ferline jier konstatearre waard (link), is noch net bekend.

april 26, 2018 21:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.