Mear bioferskaat yn Fryslân en Europa

april 25, 2018 15:38

Mei tank oan jamvisualthinking

In nije ympuls foar it bioferskaat yn Fryslân en dêrbûten

De Provinsje kriget € 330.000 fan Brussel om derfoar te soargjen dat it libben yn de boaiem riker wurdt en der mear plante- en bistesoarten komme. It belied dêrfoar moat ek mear ferankere wurde. Fryslân is de lieder fan in projekt dêr’t sân Europeeske regio’s yn gearwurkje. De Provinsje beheart de totale pot fan € 1.5 miljoen. Dat Ljouwert-Fryslân dit jir Kulturele Haadstêd is hat meispile by de takenning fan it jild.

Deputearre Johannes Kramer is bliid: “It is in erkenning troch Europa dat wy yn Fryslân op it goeie paad binne. Wy ferfolje in foarbyldrol. It is prachtich dat wy dat mienskiplike projekt liede meie.” De Provinsje stimulearret natuer-ynklusive lânbou. Biodiversiteit is belangryk. Wat grutter it ferskaat oan planten, krûden en blommen yn de greide, wat mear bijen en ynsekten. Dat is goed foar de boaiem en foar greidefûgels lykas de skries. Dy kinne net libje sûnder ynsekten en wjirms.

Ekonomy
De Provinsje wurket ûnder mear gear mei de Stichting Living Lab en Kening fan ’e Greide. Om bioferskaat heger op de politike aginda te krijen makket de Provinsje gebrûk fan de ynsichten fan Living Lab. Dy wurket oan in natuer-ynklusive lânbou dêr’t it ferbinen fan ekonomy en natuer sintraal by stiet. Dat moat liede ta nije fertsjinmodellen. De Provincie wol leare fan de agraryske kollektiven yn Fryslân en de sân partnerregio’s yn Europa.

LF2018-projekten dy’t draaie om bioferskaat binne ûnder mear Kening fan ’e Greide, Silence of the Bees, Connecting Flowers, Meadow Animal en Birds & Brass.

april 25, 2018 15:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.