Lansearring NASA-teleskoop Tess ferrint sûnder problemen

april 19, 2018 09:13

Foto: NASA Television

De nije romteteleskoop fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA is súksesfol de romte yn sketten. Tess is oan in misje begûn om nije planeten te finen dêr’t libben op bestean kin. Tess stiet foar Transiting Exoplanet Survey Satellite. De teleskoop waard lansearre fan in platfoarm by Cape Canaveral yn Floarida, oan board fan in Falcon 9-raket fan romtefeartbedriuw SpaceX.

De lansearring waard earder dizze wike noch útsteld, om’t NASA ekstra kontrôles útfiere woe. De romtefeartorganisaasje woe wis wêze dat alles ree wie foar de misje, dy’t alles byinoar sa’n 337 miljoen dollar kostet.

De romteteleskoop Tess is de opfolger fan Kepler en sil op ’e syk nei nije ekoplaneten, planeten dy’t om in oare stjer draaie as de sinne. NASA ferwachtet sa’n 500 himellichems te ûntdekken dy’t like grut of wat grutter binne as de ierde. Nei alle gedachten sit Tess oer likernôch twa moanne yn ’e goede baan om de ierde. Dan kin de syktocht pas echt úteinsette.

april 19, 2018 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.