Koen Eekma riddere by ôfskied fan de Afûk

april 25, 2018 21:58

foto Omrop Fryslân – Remco de Vries

By it ôfskied fan de AFUK is Koen Eekma (66) fan It Hearrenfean beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Eekma krige de fersiersels woansdei út hannen fan kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok. Hast trije desennia hat Eekma him ynset foar it fersterkjen fan de Fryske taal.

Sa’n 27 jier wie Eekma direkteur fan de Afûk. Nei syn pensjoen ferline jier bleau er aktyf by de organisaasje om it Kulturele Haadstêdprojekt Lân fan Taal ôfrûnje te kinnen.

It ôfskied fan Eekma foel woansdei gear mei de fiering fan it jubileum fan de njoggentichjierrige Afûk. De hear Brok priizge Eekma as ien dy’t net somberje woe oer de posysje en de takomst fan de Fryske taal. Troch fernijingen socht er nei wegen om besteande en nije doelgroepen te berikken. Under syn lieding groeide de Afûk út ta in profesjonele organisaasje om it Frysk te fersterkjen.

Njonken syn wurk foar it Frysk wie Eekma ek as frijwilliger belutsen by organisaasjes op it mêd fan sport en kultuer.

april 25, 2018 21:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.