Jeugdbinden terrorisearje East-Grinslân

april 30, 2018 15:55

Wa’t ‘East-Grinslân’ seit, tinkt oan ierdskokken, kommunisten en einleaze nôtfjilden, mar nei alle gedachten net oan jeugdbinden dy’t foar reboelje soargje. Dochs hawwe de gemeenten Delfzijl en Eemsmond dêr al in pear jier in protte lêst fan.

Yn Delfzijl binne twa groepen fan elk likernôch tsien jongelju warber. Hja hawwe harren skuldich makke oan oerfallen, geweld, fandalisme en oerlêst yn wenwiken. De plysje seit dat it foar in part om tige jonge jonges giet. De jongste is alve jier. Justysje wurket mei ûnder oaren jongereinwurkers gear om de jongelju op it rjochte paad te krijen. De dieders binne foar in part fan útlânsk komôf.

Yn buorgemeente Eemsmond is benammen fernielderij troch groepen opslûpen jeugd in probleem. In pear moanne lyn hawwe hja de nije glêzen wachthokjes op it stasjon yn Roodeschool ferdústrewearre. Mei fjurwurk skansearren se de tribune fan in fuotbalferiening, op in stasjon waard brân stifte en iepenbiere bankjes hawwe se sloopt.

april 30, 2018 15:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.