Jehannes Boorsma: Buffet

april 21, 2018 00:00

Resint ferskynd

Buffet

Ferhaal fan Jehannes Boorsma

Foto: pixabay.com

Sa út en troch skowe wy wolris oan by in waarm en kâld buffet.

Eins binne de frou en ik net iens sa sljocht nei sokke fretterijen. Faak rinne de minsken tige rimpen, sichtber mei de honger yn ’e hals, mei withoe heech opsteapele boarden hinne en wer, deabenaud dat se oan ’e krapperein komme.

Mar ris ôfwachtsje oft it hjir oars en better is.

In man yn in wite oerstrûper brocht ús nei in taffeltsje by it rút, in gaadlik plakje. Spitigernôch wiene der gjin twapersoanstafels, dat it wie dêrom ôfwachtsjen oft wy tegearre bliuwe soene.

Dat slagge net! Ik sei tsjin Geartsje dat se efkes de oare kant út sjen moast om’t der kunde de seal yn kaam. It die gjin fertuten, it spul sette streekrjocht op ús taffeltsje ta en frege oft de oare twa stuoltsjes frij wiene.

Klik foar it hiele ferhaal op Buffet – Jehannes Boorsma.

april 21, 2018 00:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.