Jan Willem Zwart: wachtwurd

april 7, 2018 20:00

Kollum

It is net samar klear om it ynternet op te gean en jin yn te loggen yn it systeem fan it wurk of e-mail. It is ek net ienfâldich om in account op Facebook, Twitter of Instagram te hâlden. Almeast moat men mear as ien wachtwurd brûke om yn it systeem te kommen. In wachtwurd kin men sels betinke. In faak brûkt wachtwurd is wolkom en dan wol of net mei 123 derefter. Mar ek de nammen fan de bern, de hûn of it wenplak skine faak foarkommende wachtwurden te wêzen. Dat om mar foar te kommen dat frjemd folk ynbrekt. De seizoenen binne ek goed as wachtwurd te brûken bygelyks winter2018. In wurd mei in siferkombinaasje soe noch better wêze moatte.

Dochs heart men yn de media dat minsken harren wachtwurd net goed brûke. De wachtwurden binne net dreech genôch. Ynbrekke yn de kompjûter en dêrmei ek yn it systeem is foar hackers hiel ienfâldich. Bart dat dochs, dan is men moai oanklaud! Wy kinne gewoanwei net mear sûnder befeiliging. En al dogge wy it ek noch sa goed, Facebook lekt al ús gegevens samar fuort nei grutte organisaasjes. Facebook, Google, mar ek de klantekaartsjes fan de doarpswinkel, de grienteboer of de benzinepomp hâlde ús hâlden en dragen yn de gaten. It liket derop dat it ynternet ús hast better ken as wy ússels kenne. Kinne wy noch kieze om ús eigen wachtwurd te meitsjen en ús gong te gean sûnder dat der guon binne dy’t meisjogge? Binne der noch geheimen?

Winter2018, in wachtwurd wat net mear kin; it is ôfrûn, der moat in nij wachtwurd komme. Miskien wol maitiid2018? Soe logysk wêze. Ommers, de maitiid is dit wykein goed begûn. Dit is gjin digitale maitiid. In maitiid dy’t wy suver ferjitte mei al ús drok wêzen en dwaan yn de kompjûterboel. Is in wachtwurd as maitiid2018 dan bêst genôch? It moat langer, yngewikkelder en mei ferskate kombinaasjes. Maitiid2018 is dan miskien mear in winsk nei moai waar as dat it my in feilich gefoel jout. Ik bin benijd hoe’t myn Google deroer tinkt.

Ik sil der nochris oer gear, wittende dat myn privacy foar in grut part foar it gripen leit. Wat meie se fan my witte en wat is deroer my te finen op it ynternet? Wol ik dat? Earst mar in goed wachtwurd mei in protte tekens en sifers, dat ik ek noch ûnthâlde kin. Derom: #Omdatikútsjochneidenijemaitiidsoeikitleafstfolsteanmeimaitiid2018.

april 7, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer april 11, 13:34

    Faak is der in wiere wachtwurden en ynlogterreur geande.
    Je kinne net iens mear by je eigen Post sûnder yn te loggen. En faak komt der in foutmelding nei ynlogge. En dan nei it meitsjen fan in nij account wêr in foutmelding, omdat bliken docht dat it in eigen account is dat al bestiet, of omdat der ûnder it meitsjen fan it account in ûnderbrekking is.Nei dy ûnderbrekking kin je dan net mear fierder mei it oanmeitsjen fanwege in soart “tautology”. Miskien wurdt it tiid dat meidielings en rekkens fan providers en fersekerers wêr mei de Post stjoerd wurde.
    Yn in sletten slûf. De Post en oaren kinne dan net dat lêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.