Jabik van der Bij: Ferplichte koekjes

april 19, 2018 15:35

Earder krige ik it jieroersjoch fan myn pensjoen fan it ABP oer de post tastjoerd. Yn Heerlen ha se no útfûn dat soks foardieliger kin mei MijnABP. Op himsels bin ik it der wol mei iens dat minder papier goed foar it miljeu is. Ik wol my dêr bêst yn skikke, mar ik krige wol it smoar yn doe’t ik fan it ABP earst akkoart gean moast dat der saneamde koekjes (cookies) efterlitten wurde op myn kompjûter. Hoe sa MijnABP? Der binne noch hiel wat ynstânsjes dy’t dat besitlik foarnamwurd foar har namme sette. MijnOverheid is ek al in tiid yn swang. It liket wat op Omrop Fryslân mei dat aaklike “ôfstimd op dy”, dat je alle kearen hearre moatte as jo op 92.2 ôfstimme. Meastal is it hielendal net op my ôfstimd. Wa’t by it ABP net akkoart giet mei dy koekjes komt der net yn, mar it wie dochs Myn ABP?

Wy sitte wrâldwiid midden yn de diskusje oer wat Faceboek úthellet mei de uteringen fan syn klanten, mar oer dat hiele koekjesgedoch hear ik net safolle mear. Yn it ferline is der in wet kommen dy’t seit dat bedriuwen en ynstânsjes net samar koekjes efterlitte meie as guon op harren webstee op besite wol. Men moat dan earst tastimming jaan foar it pleatsen fan dy koekjes. Ik tink dat in protte minsken dan mei tsjinsin akkoart geane. Dy wet hat de boel eins mar heal regele. Dat in bedriuw immen de tagong ta syn webstee opkeart as dy gjin tastimming jout foar koekjes, is noch te begripen. Elk is baas oer syn eigen side. As ik de buieradar sjen wol en de eigener wol perfoarst koekjes pleatse, dan is dat syn saak. Wol ik by Renault sjen, dan wurd ik ek frege om koekjes te akseptearjen. Wolle men dat net, dan moat men mar net op har webstee sjen. Klantfreonlik is oars, mar hawar, dan mar gjin Renault.

Dat leit oars by oerheids- en semy-oerheidssiden, fyn ik. Men mei derfan útgean dat dy tsjinstferlienend binne en gjin behinderingen skeppe om de side te brûken. Der stiet in nije Europeeske wet op priemmen, de saneamde “ePrivacy Feroardering”. Dêr komt yn te stean dat oerheidsynstânsjes gjin koekjesmuorre mear opbouwe meie (art. 5). It skynt dat der noch in diskusje fierd wurdt oer de koekjes dy’t statistiken byhâlde. Foar de “tracking cookies” moat de brûker tastimming jaan. Tracking hjir yn de passende betsjutting fan skaadzje of neirinne. Krekt dy skaadzjende koekjes geane it swalkgedrach op ynternet fan de besikers nei en meitsje dêr har hanneltsje fan.

Ik wie benijd hoe’t se by it ABP reagearje soene as ik in klacht yntsjinne by de klachtekommisje. Ik ha kreas beswier makke tsjin it obstakel fan de koekjes om by myn gegevens te kommen. It duorre in pear wike en doe kaam it antwurd. Der wurdt sein dat it omsilen fan koekjes net mooglik is. De koekjes ha ta doel om it webstee syn funksjonaliteit te jaan troch it opheljen fan ferskate gegevens út de systemen. Dêr wurdt men in stik wizer fan. Hokker systemen binne dat? Der stiet noch efkes as lêste úthaal by dat as ik gjin koekjes akseptearje, dat ik dan gjin gebrûk meitsje kin fan MijnABP. Dat betsjut dus gjin jieroersjoch. Mar it ABP is dochs ferplichte om my sa’n oersjoch te jaan? Ik ha se in mailtsje stjoerd mei de fraach om my in jieroersjoch oer de post te stjoeren. Ik bin benijd wat de tsjinset yn dit skaakspul wêze sil.

 

april 19, 2018 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.