IepenUP live earet ferstoarne dichter Piter Yedema

april 25, 2018 15:49

Talkshow IepenUP Live stiet woansdei 25 april wiidweidich stil by it ferstjerren fan Piter Yedema. De yn Boalsert berne Yedema ferstoar ôfrûne sneon yn it MCL nei’t er in pear dagen earder mei hertklachten opnommen wie. Yedema waard 77 jier. Hy soe oars hjoed ien fan de gasten fan IepenUP Live west hawwe. “Fryske dichters lêze yn Neushoorn foar út it wurk van Piter”, seit Jacco de Boer fan IepenUP Live. “It wurdt in passend earbetoan.’’

It tema hjoed is Wetterferhalen; mei in foarútblik op it Wetterfestival yn Ljouwert en optredens fan skriuwers út it hiele lân. Skriuwer Chris Polanen fertelt oer syn boek Waterjager, dêr’t in (fictive) dyktrochbraak de Surinaamske haadstêd Paramaribo yn ûnder wetter set. Maartje Wortel, fan har stean ûnder mear kollums yn NRC Next en Trouw, fertelt oer de rol dy’t wetter spile yn har jeugd.

Fierders binne der optredens fan skriuwer Asis Aynan, sjoernalist, teolooch en tv-presintatrise Marleen Stelling en Nina Polak (De Correspondent en De Groene Amsterdammer). Rasferteller Age Veldboom, oprjochter fan it Fryske Skûtsjemuseum yn Earnewâld, fertelt op alhiel eigen wize oer Fryske skûtsjes.

De muzikale ûntfangst wurdt fan 19.30 oere ôf fersoarge troch it rûge Rotterdamske havenorkest Dope Gezinde Gemeente.

IepenUP Live is lykas altyd yn it kafee fan Neushoorn (de Backstage) en begjint om 20.00 oere. De ynrin is fan 19.30 oere ôf en de tagong is fergees. Omrop Fryslân stjoert wer út mei in livestream.

april 25, 2018 15:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.