‘Ien glês alkohol deis is eins al te folle’

april 14, 2018 09:29

Wa’t mear as ien glês alkohol deis drinkt, rint it risiko earder te stjerren. Minder as ien glês deis of hielendal net drinke is it bêste foar de sûnens. Dat docht bliken út in grut wittenskiplik ûndersyk dat publisearre is yn it Britske medyske tydskrift The Lancet. Op basis fan it ûndersyk blykt dat yn in protte lannen de advizen oer alkoholgebrûk net strang genôch binne.

Foto: morguefile.com

It ûndersyk kombinearre 83 stúdzjes dy’t útfierd waarden yn njoggentjin lannen. Yn totaal is it alkoholgebrûk fan sa’n 600.000 minsken analysearre. By de swierdere drinkers seagen de wittenskippers in heger risiko op in beroerte en hertfalen. Neffens it Fiedingssintrum befettet in standertglês sa’n tsien gram alkohol. Oant fiif glêzen alkohol wyks is der hast gjin skea, sizze de wittenskippers.

Wichtichste konklúzje fan it ûndersyk is neffens de ûndersikers dat wannear’t minsken fan fjirtich jier dy’t sa’n 200 gram alkohol binnenkrije (sa’n trije glêzen deis) weromgean nei hûndert gram wyks of minder (oardel glês deis), sa yn trochsneed ien oant twa jier langer libje.

Yn Nederlân advisearret de Sûnensrie sûnt 2015 al net mear as ien glês alkohol deis te drinken. Yn lannen as de Feriene Steaten, Kanada en Sweden jildt in advys fan maksimaal fjirtjin glêzen wyks. Yn Spanje en Roemenië binne dat sels tweintich glêzen. Steatssekretaris Blokhuis fan Folkssûnens neamt it advys fan de Sûnensrie “respektabel”. Hy sil gjin maatregels nimme om it drinken fan alkohol fierder te ûntmoedigjen. “Oan ien glês deis hawwe wy neffens my yn Nederlân de hannen al fol.”

april 14, 2018 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*