Hantrekken foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear

april 19, 2018 11:45

De Provinsje helpt de sân Fryske agraryske kollektiven dy’t it agrarysk natuer- en lânskipsbehear yn Fryslân útfiere en docht harren dêrmei hântrekken foar it behear fan de libbensgebieten iepen boulân en drûge en wiete trochiering. Natuer- en lânskipsbehear is wichtich foar it bioferskaat. It soarget foar noflike libbensgebieten foar sawol Europeeske beskerme bisten, ynsekten, fisken en fûgels as Fryske. Foar it behear fan iepen gerslân (greidefûgelbelied) wie al belied.

Iepen boulân leit yn it noarden fan Fryslân. Fûgels briede der en wintergasten lykas rôffûgels en skelfinken sykje der iten. It is wichtich dat piken fan fûgels dêr goed oerlibje kinne. Dêrom moat der bygelyks by it meanen rekken holden wurde mei nêsten en piken. It is ek fan belang dat der genôch blommen en ynsekten op it lân binne.

Drûge trochiering
By it behear fan drûge trochiering giet it bygelyks om houtsingels mei greppels, boskjes, diken en bermen. Dat libbensgebiet leit benammen yn de Noardlike Wâlden en Súdeast-Fryslân. It moat oanien sletten heech en ticht wêze, sadat bisten dêr briede, foerazjearje en skûlje kinne. Drûge trochiering is ûnder mear wichtich foar flearmûzen, lytse sûchdieren, amfibyen en sjongfûgels.
Sleatten, puollen en sompen falle ûnder de wiete trochiering en binne wichtich foar polderfisken, amfibyen en ynsekten. Foar trekfisken is it fan belang dat it wetter mei-inoar yn ferbining stiet.

Elk agrarysk libbensgebiet hat syn eigen behear nedich. De hantlieding jout oan hoe’t it behear it libbensgebiet foar ûnderskate soarten ferbetterje kin. Kollektiven hawwe al in soad ûnderfining mei behear fan iepen gerslân. It behear fan iepen ikkers en wiete trochiering is relatyf nij, mar wis wol kânsryk.

Ofstimming behear
De libbensgebieten steane net op harsels. In protte soarten bisten libje yn natuergebiet likegoed as yn agrarysk gebiet. It behear fan gers- of boulân en drûge of wiete trochiering moat ek goed opinoar ôfstimd wurde. De Provinsje bliuwt dêroer mei de agraryske kollektiven yn petear. Dêrneist wurdt der sjoen hoe’t der mear gearwurke wurde kin op it mêd fan monitoaring en ûndersyk. Dan kin de effektiviteit fan it agrarysk natuer- en lânskipsbehear goed metten wurde.

april 19, 2018 11:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*