Grinslânsk riedslid: “Part fan Skier by Grinslân”

april 28, 2018 20:23

“We kunnen wel bezig blijven stukken land af te staan aan Frieslan”, seit Eltjo Dijkhuis, gemeenteriedslid yn ‘e Grinslanner gemeente Eemsmond. Hy ferwiist dêrmei nei it fersyk fan Fryslân om in stik strân yn it easten fan Skiermûntseach by Fryslân te foegjen. It Nijs berjochte dêr tongersdei oer (link).

Mei’t Skiermûntseach hieltyd fierder opskoot nei it easten ta, leit it yn ‘e takomst in kear folslein op wat no diel fan ‘e provinsje Grinslân is. Dijkhuis, fertsjintwurdiger fan de partij Gemeentebelangen, seit oer it part fan Skier dat no yn Grinslân leit: “Het is veel logischer dat dit stuk gewoon bij Groningen blijft.” Hy heakket deroan ta: “Wij als Groningers willen ook wel een mooi stuk Noordzeestrand.”

De eilannen Skiermûntseach en Boarkum binne beide it maklikst út Grinslân wei te berikken, mar hearre net by dy provinsje. Skier heart by de provinsje Fryslân en Boarkum by de Dútske dielsteat Nedersaksen. Grinslân hat allinne de sânplaten Rottumerplaat en Rottumereach, dy’t toeristysk gjin wearde hawwe.

april 28, 2018 20:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ekoed maaie 1, 10:38

    Der is sa gjin beethalden oan……en hiel Grinslân oernimme? Litte wy dat, mar net dwaan…..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.