Gouden hert Frânske keninginne Anna stellen

april 16, 2018 10:45

Anna fan Bretanje, skildere troch Jean Bourdichon (ôfbylding: Wikipedia)

Dieven hawwe yn it Frânske Nantes it gouden hert fan keninginne Anna fan Bretanje stellen. Hja wisten ek in gouden hindoebyld en in kolleksje munten bút te meitsjen. Se kamen yn ’e nacht fan freed op sneon it Musée Dobrée yn troch in rút te forsearjen. It alaarm gie ôf, mar de dieders naaiden gau út.

It gouden kistke fan fyfjin sintimeter grut waard yn 1514 makke foar it hert fan Anna. Hja wist dat se as frou fan de kening begroeven wurde soe yn it keninklik mausoleum fan de katedraal fan Saint-Denis by Parys, mar bepaalde dat har hert yn har dierbere Bretanje byset wurde soe yn in famyljegrêf.

Anna wie de iennige frou dy’t twa kear keninginne fan Frankryk wie. Hja waard earst yn ’e âldens fan tolve jier keninginne troch har houlik mei Karel VIII. Nei syn dea sân jier letter troude se mei syn opfolger, Loadewyk XII.

It gouden hert waard yn de Frânske revolúsje út it grêf helle om omraand te wurden, mar oerlibbe de gaos. De ôfrûne 130 jier waard it útstald yn it museum yn Nantes. In pleatslike bestjoerder is bang dat it de dieders om it goud te dwaan wie. “As it harren gie om wat glânzjends en fan goud, dan hoopje ik dat se begripe dat de histoaryske en symboalyske wearde folle grutter is as hûndert gram goud.”

april 16, 2018 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*