Gemeente nimt mear tiid foar graafwurk Broereplein yn Boalsert

april 18, 2018 08:41

It graafwurk op it Broereplein yn Boalsert, nedich foar it pleatsen fan de ‘flearmûsfontein’ nimt mear tiid. Der wurde mear grêven en rêsten fan bonkerakken oantroffen as ferwachte. “Soarchfâldichheid stiet foarop”, seit wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân. “De archeologen krije alle romte om de minsklike resten goed bergje te kinnen.”

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

De Broeretsjerke en it plein dêrfoar binne ûnderdiel fan in earder kleasterterrein (Franciscaner biddeloarder mûntsen, perioade likernôch 1281-1575). Op grûn dêrfan ferwachte de gemeente net allinnich grêven, mar ek stiennen en houten gebourêsten, wetter- en ôffalkûlen en bearputten.

“Wat wy net ferwachte hiene, is  dat de grûn sa flak foar de tsjerke noch sa ûnfersteurd is. Want yn it ferline ha dêr ferskate werynrjochtingswurksumheden west”, seit Yvonne Boonstra, archeolooch fan de gemeente. Hja makket in ferliking mei Hylpen, dêr’t foar de fontein ek tichtby in tsjerke groeven wurde moast. “Dêr is it graafwurk ek begelaat troch in archeolooch. Dy wie gau klear, want de grûn bliek dêr wol flink fersteurd.” Wat dat oangiet is archeology echt kofjetsjoksjen, seit se. “Je binne pas wis wat je oantreffe as je de grûn yngean. Tige spannend fansels, mar net altyd like maklik om yn te plennen.”

Yn Boalsert wurdt mar in lyts part fan it tsjerkhôf oansnien. De archeologen ferwachtsje dizze wike noch nedich te hawwen foar de soarchfâldige lichting fan de bonkerakken. Dy wurde tekene, ynmetten en fotografearre. “Aanst by de útwurking sille wy ûndersykje wat it bonkemateriaal ús fertelle kin oer dy minsken. Oft it manlju of froulju wiene, wat harren âldens is, wat foar sykten se hiene en – as it sichtber is – wêr’t se oan stoarn binne. Sa komme wy wer wat mear te witten oer de skiednis fan Boalsert”, fertelt Boonstra.

De gemeente is fan doel om de resultaten fan it ûndersyk mei de ynwenners te dielen, seit wethâlder Van Gent. Hja fynt it spitich dat guon yn Boalsert fan grêfskeining sprekke. “Dêr soe sprake fan wêze as wy de minsklike rêsten fuortgroeven hiene sûnder inkelde foarm fan dokumintaasje en ûndersyk. Wy dogge it omkearde. Soarchfâldige berging fan de bonkerakken hat ús heechste prioriteit.”

april 18, 2018 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.