Gedicht: Boazum

april 14, 2018 10:00 Fernijd

Boazum

Foto: Fedde Feikema

Boazum, lyts doarp midden yn it Fryske lân
Fielt as thús, sterke bân
Boartsje de bern op strjitte
En gean dy’t wat âlder binne nei de Boazumer Mjitte
Dêr binne de minsken oprjocht en suver
Is der in frjemde auto? Al wat nuver…
Hjir fielst dy feilich en fertroud
Is net iens in muorre omhinne boud
Mei stoarm, tonger, rein of mist
Kinst altyd sjen oftst tichtby Boazum bist
Op de fyts, hannen oan it stjoer
Sjoch ik de moaie âlde tsjerketoer
Dêr rûkt it om in oere as seis
Nei jirpels mei griente en fleis
Sizze we tsjin eltsenien hoi of goeie
En wolle we ús noch wolris mei elkoars saken bemuoie
Fansels is dat út goede wil
Witte we ek wer wat buorman moarn dwaan sil
Boazum, smûk plakje tusken de greiden
Noflik wêzen foar dy, my en ús beiden

Marianne Feikema

april 14, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*