Fyzje op Fryske farwetters fêststeld

april 30, 2018 17:30

foto: Wikipedia

In robúst netwurk fan farwetter en passende berikberens fan Fryske binnenhavens. Dat is de fyzje fan de provinsje Fryslân op farwetters foar beropsfrachtferfier foar de perioade oant 2050. Deputearre Steaten stelle in tal maatregels foar om dêr útfiering oan te jaan.

Van Harinxmakanaal
Ferfier oer wetter bliuwt wichtich en skippen op ‘e binnenfeart wurde hieltyd grutter. It is dêrom fan belang dat it Van Harinxmakanaal fierder geskikt makke wurdt foar klasse Va-skippen. Dat binne skippen fan op syn meast 110 meter lang en 11,4 meter breed. By in opkear op it Prinses Margrytkanaal kinne dy skippen fia it Van Harinxmakanaal omfarre. De provinsje stelt foar de útfiering in plan op en siket nei mooglikheden om dat te finansierjen. In knyppunt op ‘e rûte is de HRMK-spoarbrêge. De provinsje stelt dêrom foar om by ferfanging fan ‘e spoarbrêge in akwadukt as útgongspunt te nimmen. Dat hat ek in positive ynfloed op ‘e tsjinstregeling fan ‘e treinen op it trajekt Ljouwert – Swol – Rânestêd.

Op it gebiet rjochte oanpak by Drachten
Der is ûndersyk dien nei de farwei nei Drachten. Dêrby hat de provinsje him rjochte op in nij trasee, fan it Prinses Margriykanaal ôf, fia de polder Hege Warren, geskikt foar klasse Va-skippen. Deputearre Sietske Poepjes: “Ynvestearje yn in nije farwei is te djoer as wy allinne sjogge nei de baten dy’t dat foar de skipfeart en de berikberens fan Drachten opleveret. De polder Hege Warren is lykwols ek in gebiet dêr’t ûnder oare wetterbehear en feangreide-opjeften binne. Wy kieze derfoar om noch gjin beslút oer de oanlis fan de farwei Drachten te nimmen. Earst wurdt fierder ûndersocht oft in op it gebiet rjochte oanpak dêr in yntegrale oplossing biede kin. Dêrnei kin fêststeld wurde oft in nij trasee mooglik is, of net.” De provinsje wol dat, yn ‘e mande mei it Wetterskip Fryslân, gemeente Smellingerlân en oare relevante partners op dat mêd, fierder útwurkje.

Farwei It Hearrenfean
Klasse Va-skippen wurde op ’e farwei nei It Hearrenfean yn oerlis mei de gemeente inkeld foar bysûnder transport tastien. Sa wurdt Terherne fierhinne sparre fan klasse Va-skippen. Dêrneist wurdt ûndersocht oft der ek in alternatyf foar Klasse IV skippen (86m x 9,5) is, sadat ek dy skippen op termyn net mear troch Terherne hoege te farren. Der moat dan earst in oare oplossing komme foar it ferfier fan konteners en stoartguod nei It Hearrenfean. Dêrby kin foar konteners tocht wurde oan in fly-byterminal by it Prinses Margrytkanaal lâns. Fan dêrút wei kin it guod fierder oer de dyk ferfierd wurde.

Oare maatregels
Kombinearre mei regulier ûnderhâld oan de Fryske farwetters wurdt in tal lytse maatregels útsteld om de feiligens foar skipfeart te ferbetterjen. Dat binne maatregels lykas it weinimmen fan drompels en it kreëarjen fan ekstra oanlisplakken.

Beslútfoarming
Yn juny bûge Provinsjale Steaten harren oer de fyzje en de oandroegen maatregels. Wannear’t de maatregels en útstellen foar finansiering foar alle farwetters apart fierder útwurke binne, lizze Deputearre Steaten dy op ‘en nij oan Provinsjale Steaten foar.

april 30, 2018 17:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.