Fryslân ynvestearret yn ferkearsfeilichheid en Iselmarkust

april 25, 2018 13:04

foto: Omrop Fryslân – Joris Kalma

De provinsje Fryslân stiet der finansjeel goed foar: 2017 wurdt ôfsletten mei in posityf resultaat fan € 37,2 miljoen. En mei de nije Kadernota 2019 rint de frij- brûkbere reserve op oant € 111 miljoen. It kolleezje fan Deputearre Steaten reservearret yn de Kadernota 2019 jild foar ynvestearringen yn ûnder mear ferkearsfeilichheid, Wetsus nei 2020 en de Iselmarkust.

De lêste kadernota foar de provinsjale ferkiezingen yn 2019 stiet yn it ramt fan foltôgjen en foarút sjen. Deputearre Sander de Rouwe: “Wy hawwe ús de ôfrûne jierren ynset foar it folbringen fan de ambysjes út ús koälysjeakkoart. It sjocht der nei út dat wy yn maart 2019 hast al ús doelen berikt hawwe. Mei de lêste kadernota fan dit kolleezje soargje wy derfoar dat in folgjend kolleezje mei in skjin laai begjinne kin.”

Ferkearsfeilichheid, Wetsus en Iselmar
GS lûkt ûnder mear jild út foar de ferbettering fan de fytsfeilichheid (de kommende jierren € 2 miljoen). Om te soargjen dat wettertechnology-ynstituut Wetsus nei 2020 fierder kin, komt der € 2,25 miljoen. Foar in fytstunnel by Marsum is € 650.000 oan ’e kant lein. GS makket ek € 2 miljoen frij foar ko-finansiering fan projekten by de Iselmarkust lâns, soks foarútrinnend op in Iselmarfûns. Foar it Iepen Mienskipfûns stelt it kolleezje € 1,8 miljoen beskikber. Dy en oare ynvestearingen mei in totaalbedrach fan € 22 miljoen wurde yn de Kadernota oan Provinsjale Steaten foarlein.

Krimpende begrutting
It byld fan de strukturele finânsjes is ferbettere sûnt de foarige kadernota. De strukturele ynkomsten rinne op en bliuwe heger as de strukturele útjeften. De tydlike middels nimme lykwols de kommende jierren hieltyd fierder ôf. Dêrmei komt de begrutting, dy’t foar in grut part bestiet út tydlike útjeften, de kommende jierren wol mear ûnder druk te stean. Om goed en fleksibel ynspylje te kinnen op kânsen en bedrigingen is it dêrom fan belang om periodyk de strukturele útjeften tsjin it ljocht te hâlden en opnij te hifkjen.

april 25, 2018 13:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.