Fryske kroechkwis komt nei Talepaviljoen

april 19, 2018 20:04

Op freedtemiddei 1 juny om 14.30 oere organisearret Praat mar Frysk fan de Afûk wer in Fryske kroechkwis. Diskear yn it Talepaviljoen MeM yn de Ljouwerter Prinsetún.

Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) fan hjoed ôf oan op fia praatmarfrysk@gmail.com. Meidwaan is fergees. Der is muzyk, der is bier, wyn en fris en fansels de aardichste fragen oer Fryslân, Ljouwert en it Frysk. De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Sonnema Berenburg, Weidenaar Worst, Drukkerij Van der Eems en de Afûk. Graach oant sjen op freed 1 juny yn Talepaviljoen MeM yn Lân fan Taal!

Praat mar Frysk organisearret sûnt 2013 al Frysk kroechkwissen rûnom yn de provinsje. De Fryske kroechkwis yn Talepaviljoen MeM is alwer de 11e edysje. Praat mar Frysk is in kampanje fan de Afûk mei as doel Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens en harren dêr grutsk op te meitsjen.

Foar mear ynformaasje sjoch op www.praatmarfrysk.nl.

april 19, 2018 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.