Fryske famkes himmelje wetter en leare laskjen op Girlsday 2018

april 10, 2018 08:24

Famkes fan tsien oant fyftjin jier sille tongersdei 12 april oan ’e slach yn ’e bèta, technyk en ICT. De WetterKampus yn Ljouwert leart famkes hoe’t PH-wearden metten wurde, hoe’t ôffalwetter himmele wurdt en hoe’t je fan sâlt wetter swiet wetter meitsje.

By de WetterKampus yn Ljouwert stiet de fammen fan Girlsday in drok programma te wachtsjen. Hja leare hoe’t stikstof út wetter weihelle wurdt, hoe’t it ferskil tusken sâlt en swiet wetter metten wurdt en hoe’t je gemyske bestândielen út wetter skiede. By VodafoneZiggo leare se programmearjen en kabelstrippen. Philips en it Ynnovaasjekluster Drachten hawwe in wiidweidich programma foar famkes opsteld by ferskate bedriuwen yn ’e regio. Net inkeld dêr, mar ek by in protte oare bedriuwen yn Fryslân wurde Girlsday-aktiviteiten organisearre.

Minister Ingrid van Engelshoven fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip iepenet op tongersdei 12 april mei 75 fammen Girlsday 2018 by BAM yn De Haach. Hja dogge dat mei help fan in HoloLins. Nei dat sein sette de Girlsday-aktiviteiten foar famkes út basis- en fuortset ûnderwiis útein by bèta-, technyske en ICT-bedriuwen yn it hiele lân.

Girlsday is in inisjatyf fan VHTO, Lanlik ekspertizebedriuw famkes/froulju en bèta/technyk. Oan Girlsday 2018 dogge goed 11.000 famkes (fan tsien oant fyftjin jier) mei by 358 bèta-, technyske en ICT-bedriuwen. Yn Nederlân kieze noch hieltyd te min famkes foar bèta, technyk en ICT. Troch op Fammedei famkes út te noegjen, litte bedriuwen en technyske ôfdielings fan oare organisaasjes de famkes mei klam witte dat sy fan herte wolkom binne yn de technology.

VHTO organisearret Girlsday 2018 yn gearwurking mei it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en TechniekTalent.nu.

april 10, 2018 08:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp april 11, 16:18

    en wêrom moat dit dan wer yn it Ingelsk?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.