Frysk-Kanadeeske poëzymiddei

april 17, 2018 07:53

Op sneintemiddei 22 april sille Alyda Faber, Elske Kampen en Sigrid Kingma foarlêze út en fertelle oer harren dichtwurk. Muzyk: Astrid en Else. Presintaasje: Janneke Spoelstra

Ynrin:              14:30 oere, Theater De Bres, Schoolstraat 4, Ljouwert.
Oanfang:         15:00 oere.
Tagong:           € 5,00.

Alyda Faber

Oer de skriuwsters:
Alyda Faber (1963) is berne yn Walkerton (Ont.), Kanada. Se wennet yn Halifax en is professor teology oan de Atlantic School of Theology. Opgroeid yn Kanada as bern fan Fryske âlden dichtet Faber yn it Ingelsk. Dust or fire (2016) is har debútbondel. Faber giet yn har fersen yn op wat ús ferbynt oan inoar en oan de ierde dy’t wy bewenje, sa seit de efterflap, en ûndersiket de ymperfeksjes fan ús flechtich bestean, ús ambysjes, ús relaasjes, ús breklik minske-wêzen. Se publisearre har fersen yn ferskillende tydskriften, û.o. yn The Malahat Review, it meast prestisjeuze literêre tydskrift fan Kanada en ek op Ensafh. (foto:  Massimo Pedrazzini ) Sjoch ek: http://www.ensafh.nl/?p=49777 foar in fraachpetear mei Faber en http://www.ensafh.nl/?p=49624 foar in lûdsopname en oersetting fan har fers ‘Leeuwarden Train Station’.

“To open the pages of Alyda Faber’s Dust or Fire is to embark on a questing journey into the fragmentary elusiveness of family history, the threatened survival of Frisian — the language of Friesland — and the precariousness of life itself.” (Ruth Roach Pierson 2016-08-22)

Elske Kampen

Elske Kampen (1955) wennet yn Gytsjerk. Nei har fyftichste begûn se, nei in kursus by Tresoar, mei dichtsjen. Se publisearret û.o. yn de Moanne en Ensafh. Yn 2008 wûn se in dûbele Rely Jorritsmapriis en yn 2009 de Maintiendrai Poëzieprijs. Yn 2010 ferskynde har earste poëzybondel Fan glês it brekken en sy krige dêrfoar de Fedde Schurerpriis. Yn 2013 waard de bondel nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. Yn 2012 ferskynde har twatalige dichtbondel Dit is it gedicht – Dit is het gedicht foar bern fan tolve jier ôf, dy’t yn 2013 nominearre waard foar de Simke Kloostermanpriis. De skriuwster hat dizze bondel sels yllustrearre. Yn 2014 ferskynde by de Afûk har tredde bondel Man en mem, dy’t nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Yn 2017 ferskynde har fjirde bondel Ynbyld by deselde útjouwerij.

Sigrid Kingma – foto: Catrinus van der Veen

Sigrid Kingma (1989) is opgroeid yn Drachten. Se studearre Nederlânsk en Frysk oan ’e Ryksuniversiteit Grins. Se wurket by de NHL, dêr’t se Frysk toetsmateriaal makket foar it basis- en fuortsetûnderwiis, en wennet yn Grins. Kingma debutearre yn 2017 mei de twatalige (Frysk-Ingelske) bondel Reade triedleas / Red wireless. Se waard yn 2017 nominearre foar Dichter fan Fryslân. Kingma trede yn maart op yn Skotlân op it StAnza festival yn St. Andrews. Fan ’t simmer organisearret se de Literêre kuier ‘De Wuttelhaven del’.

Oer de muzyk:

Astrid en Else – foto: Anneminke Kingma

Astrid en Else binne in semy-akoestysk muzykduo dy’t melodieuze ferskes op unike eigen wize sjonge. Sjoch foar mear ynformaasje op www.astridenelse.nl.

Dizze middei wurdt organisearre mei stipe fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.

 

 

april 17, 2018 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*