Frysk Geasteswittenskiplik Kongres yn De Harmonie

april 7, 2018 09:07

Trije dagen fol mei Fryske letterkunde

It grutte Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities) yn Stedsskouboarch De Harmonie wijt trije dagen oan de stúdzje fan literatuer yn ’e Fryslannen. Fan moandei 23 o/m woansdei 25 april biede de Twadde Letterkundedagen in ferskaat oan lêzingen fan sprekkers dy’t foar de helte út it bûtenlân komme, foar in fjirdepart út Fryslân en in fjirdepart út oare parten fan Nederlân.

Op ’e Letterkundedagen binne lêzingen te folgjen oer û.o. Joast Halbertsma (Alpita de Jong, Jonathan Roper), identiteitskonstruksje yn it wurk fan Waling Dykstra (Abe de Vries), de Noardfryske fertelliteratuer nei 1945 (Wendy Vanselow), de Fryske kolleksjes yn ’e British Library en Oxford (Marja Kingma, Johanneke Sytsema), skientme en dea yn ’e Fryske poëzij (Alyda Faber) en Fryske literatuer út in Sintraal-Europeesk perspektyf wei (Wilken Engelbrecht).

Dêrneist stiet foar tiisdeitemiddei 24 april in spesjaal programma fan it Nederlands Letterenfonds op priemmen oer de keunst fan it oersetten, mei û.o. Ernst Bruinsma, Jantsje Post, David Colmer, Michele Hutchison en Paul Vincent.

De Twadde Letterkundedagen binne ien fan ’e fjouwer tematyske sympoasia fan it Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, dat ûnderdiel is fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert-Fryslân 2018. De letterkundedagen binne gearstald troch Eric Hoekstra en Reinier Salverda (Letterkundich Netwurk fan de Fryske Akademy), dy’t ek yn oktober 2016 de earste Dei fan ’e Fryske Letterkunde organisearre ha.

Ynskriuwe kin fia de website www.frisianhumanities.nl. Foar studinten, pensjonearren en minsken dy’t gjin wurk ha, binne der spesjale regelingen. Nim dêrfoar kontakt op mei Annick Offringa (Congresbureau Friesland).

Sjoch ek:

april 7, 2018 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.