Frysk Boun om Utens fiert 95-jierrich bestean

april 15, 2018 15:04

foto: Onno Falkena, Omrop Fryslân

It Frysk Boun om Utens fierde juster, 14 april syn 95-jierrich bestean. Dat waard dien yn Ljouwert mei in Friezedei. Leden fan sechtjin Fryske Kriten út plakken as Apeldoarn, Assen, Boadegraven, De Haach, Swol en Utert moeten inoar. De Algemiene ledegearkomste moarns op it Provinsjehûs begûn fansels mei it Frysk folksliet. De middeis wie der in taspraak fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Senioaren
De Fryske Kriten hawwe ferlet fan jonge leden foar it fuortbestean. Sa njonkelytsen binne it echt senioareferieningen oan it wurden, mei in trochsneed âldens fan santich jier. Toanielfoarstellingen en oare aktiviteiten binne hieltyd faker op middei, omdat it jûns foar guon leden beswierlik wurdt. Der is noch mar ien Krite mei in eigen toanielselskip; dat is dy fan Assen. Fanwege de hege âlderdom is dy fan Boadegraven al opdoekt. Der binne noch wol fjouwer kriten mei in eigen koar. Dy koaren lieten har op de Friezedei goed hearre.

Untfangst Omrop
In wichtich aksjepunt fan it Frysk Boun om Utens is altyd de ûntfangst fan Omrop Fryslân bûten Fryslân. Op guon plakken is dy ûntfangst prima, mar de KPN is opholden mei it trochjaan fan de sinjalen fan alle regionale omroppen bûten de eigen regio. It bûn en ek deputearre Sietske Poepjes hawwe dêrtsjin protestearre by de KPN. De lobby om der wat oan te dwaan, giet troch.

Arno Brok stuts de Friezen om utens yn syn taspraak in hert ûnder de riem. Yn syn perioade as boargemaster fan Doart waard er nei ferrin fan tiid ek ûnwennich fan Fryslân, sa fertelde er. Brok kin him dan ek net foarstelle dat it Frysk Boun om Utens ferdwynt, al sil dy mooglik wol ‘in oare foarm’ krije yn de takomst. Brok wiisde der fierder ek op dat de lêste tiid in pear Friezen om utens beneamd binne ta boargemaster yn Fryslân. It giet om boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel en boargemaster Agricola fan Dantumadiel. “Wit dat jimme altyd wolkom binne yn Fryslân”, sei er tsjin de Friezen om utens. “En as dat net pemanint kin, kom dan tydlik werom om fan Fryslân te genietsjen.” Brok toande him fierder optimistysk oer de ûntwikkeling dy’t Fryslân trochmakket. “It giet hjir wol aardich.”

Ferdivedaasje
It teaterselskip HYMHAMP fersoarge in oere in kabareteske noat. Der waard weromsjoen op 95 jier FBoU en foarút op wei nei de hûndert. De Fryske taal en kultuer litte in grut ferkaat sjen en de Friezen om utens krije in spegel foarholden. Der wie grutte belangstelling foar in rûnlieding yn de Blokhúspoarte troch âld-oppassers en in âld finzene dy’t de oerfal yn de twadde wrâldoarloch oerlibbe hat. It treintsje mei sechtich minsken makke in rûnrit troch Ljouwert en yn it Provinsjehûs wie in fideo-presintaasje oer de skiednis fan it FBoU fan 2005 ôf te besjen.
Oan de ein fan de middei is ûnder in hapke en in snapke noch lang neipraat en bypraat!

In tige slagge dei! – sjoch hjir foar in koarte ympressy.

april 15, 2018 15:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.