Friezen fiele harren it feilichst

april 2, 2018 09:53

Fan alle Nederlanners fiele de Friezen harren it feilichst. Dat docht bliken út de útkomsten fan in ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP). Undersocht waard hoe (ûn)feilich oft de Friezen har fiele en hoe’t se oansjogge tsjin de feilichheid yn har eigen omkrite. 2175 leden fan Panel Fryslân waarden dêroer befrege.

Foar it algemiene gefoel fan feilichheid is it trochsneed rapportsifer in 7.8. Goed 95% fielt him thús it feilichst en 5% is fan miening dat it der yn syn eigen buert it ôfrûne jier net better op wurden is.

Persintaazje minsken dat him (tige) veilich fielt, útsplitst nei lokaasje (boarne: Panel Fryslân (FSP), desimber 2017)

Unfeilich op ynternet
Op it ynternet leit it in stik minder. Net mear as 39% fielt himn dêr feilich op. Dan giet it foaral oer minsken fan boppe de fjirtich jier. Dy binne benaud foar cybercrime, lykas identiteitsfraude, keap- en ferkeapfraude en it hacken. De mearderheid wapenet him wol troch it brûken fan sterke wachtwurden en geregelde sofware-updaten,  mar minder as de helte komt net ta oan it opromjen fan cookie-bestannen, it oanpassen fan wachtwurden en it geregeld meitsen fan back-ups.

Ynfloed fan foarfallen yn ’e buert
It ûndersyksrapport neamt it opfallend dat sawat ien op de fiif Friezen oanjouwe dat harren gefoelens foar ûnfeilichheid tanommen binne troch foarfallen yn ’e buert of yn it eigen wenplak.

Online (WhatsApp)groepen net altyd goed foar gefoel foar felichheid
It by in online groep hearren fersterket it gefoel foar felichheid. Buurt-WhatsAppgroepen kinne it gefoel fan feilichheid stimulearjen, mar soms wurket soks krekt averjochts. 35% fielt him der feiliger troch en 20% krekt net.

Mear ynformaasje is te finen yn Feilichheid yn Fryslan maart 2018.

april 2, 2018 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.