Frâns Kuipers: efteroan begjinne te lêzen

april 28, 2018 20:00

Kollum

Alle kranten, lanlike, regionale, lokale en/of streekkranten en It Nijs ek, jouwe romte foar koarte en langere (ynstjoerde) stikken. Ik meitsje dêr ek gebrûk fan. Om fluch yn it snotsje te krijen wat der spilet soe it handich wêze – foaral foar (begjinnende) politisy – om kranten fan efteren nei foaren te lêzen. Men kriget dan op in tagonklike manier te sjen wat der yn de praktyk fan al den dei yn de mienskip spilet.

Dat is fan belang foar it opstellen of bystellen fan belied fan de leden fan de ried, as haad fan in gemeente, foar leden fan de Steaten, as baas fan de provinsje en foar Twadde Keamerleden, as kontroleurs fan it kabinet. Politisy hawwe te faak te let yn ’e gaten dat se it net by de goeie ein ha, en dat it gewoane folk, dat sa no en dan ris in stikje skriuwt, it wol by de goede ein hat. Soks ta te jaan is meastal it dreechst. Sjoch mar nei Rutte syn hâlden en dragen oangeande it weijaan fan 1.4 miljard oan bedriuwen lykas Shell en Unilever. Hy rêdt it krekt op, mei help fan rjochtse partijen. In beskamsume fertoaning! Soene se dat sels wol trochhawwe?

Fan flaters kin men leare en it wurdsje ‘mienskip’ is tsjintwurdich hast in standertantwurd as der eat net goed rint of feroare wurde moat, wat net al te folle jild kostje mei of kin. Mei dêrom wurde der hast oeral – njonken it gemeentebestjoer – alderhande doarpsrieden, jeugdrieden, panels en neam mar op ‘yn it libben roppen’ om problemen te beneamen en mei te helpen om se oan te pakken. Posityf omgean mei wat net goed giet. Goeie saak!

Oantrún ta feroaringen komme meastal net út ferkiezingsprogramma’s of petearen fan politisy ûnderinoar, mar wurde helle út ‘mienskipsnijs’, dat te finen is yn de kolommen mei ynstjoerde stikken. Kranten jouwe dy romte net om ’e nocht. Fansels skriuwe stikjeskriuwers wolris in bytsje (te) skerp en besjogge se kwestjes te folle troch in eigen kleurde bril. Mar yn trochsneed blike ynstjoerde stikken goeie en brûkbere oplossingen te befetsjen, dêr’t de polityk syn foardiel mei dwaan kin en aloan mear mei begjint te dwaan. Hiel goed!

© Ljupco | Dreamstime.com

Yn trochsneed wurdt de krante fan foaren nei efteren lêzen. Benammen politisy sykje earst om (positive redaksjonele) stikjes en moaie foto’s fan harren sels. Guon bestjoerders steane hast alle wiken breedút laitsjend by ien of oar te iepenjen projekt. Sjoernalisten binne dêr wiis mei, want mei in moaie grutte sprekkende foto is harren stik earder klear. Sjoch de (regionale) kranten der mar op nei. Dy steane fol mei gruttere of lytsere kleurefoto’s fan meastal simpele aksjes, dêr’t ‘pommeranten’ by opdrave. Lêzers sjogge bygelyks in nustje politisy smûk byinoar stean by in bedriuw, in soarchsintrum, in swimbad of in sportfjild. Dat fertoan wurdt ek wol de blauwe-pakken-puntskuon-parade neamd.

Sok nijs is wichtich foar de byldfoarming fan it dwaan en litten en de betsjutting fan bygelyks in politikus of in oar foaroanstend persoan. Dy besykje lêzers sjen te litten dat se wrachtich wol drok yn ’t spier binne foar ‘it folk’. Dochs is it frjemd dat ynstjoerde stikken en opinys meastal geane oer wat der allegearre mis (gien) is mei of troch politike karren en besluten. Wa is no blyn?

Sa koene wy bygelyks yn alle regionale kranten yn Fryslân faak stikken lêze oer it nut fan grutte wynmûneparken, wol of gjin needsaak fan ferheging fan it wetterpeil fan greidlân, ensafierder. Geregeld kaam ek de (minne) posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis oan bar. De polityk krige der gauris fiks fan lâns, omdat skoallen te maklik ûntheffing krigen foar it fersoargjen fan Fryske lessen. Ik haw dêr ek wolris oan meidien. Dat allegear mei-inoar hat wol holpen! (Ferbettering fan it Frysk yn it basisûnderwiis wurdt no oanpakt, is tasein troch de Steaten; yn 2030 wurde der gjin ûntheffingen mear jûn).

Minsken út de mienskip skreauwen ek oer wol of gjin weryndieling fan gemeenten, dêr’t nut en needsaak lang net altyd fan oan te toanen is. Soms waard/wie it keppele oan it mei pensjoen gean fan in boargemaster. Rjochtstreekse gefolgen binne de slim weromrinnende (thús)soarch, it sluten fan soarchhuzen, it fuortfeien fan busoanslutingen (‘strekke’, hjit soks), it weromrinnend wolwêzen yn lytsere doarpen, ensafierder. Meilibjende ynwenners fan Fryslân (dat jildt trouwens foar hiel Nederlân) beskriuwe yn harren ynstjoerde stikken dat de útwreiding fan soarchtaken en wmo-taken foar gemeenten net goed útpakke kin, want gemeenten binne der net op klear. De macht leit by ynhierde buro’s en amtners. Wêrom? De measte (nije) riedsleden binne net taret op harren politike wurk. Se moatte it measte noch leare, útsein útsûnderingen, want in inkelde kear binne der natuertalinten. Mar wol of net op ’e hichte mei hoe’t it allegearre moat en rint, moatte hja fan dei ien ôf wol de besluten nimme. Hast elkenien koe foarút wol sjen dat it oer ‘it sket goaien’ fan soarchtaken fan it Ryk (Rutte II) nei gemeenten, net goed komme soe. De measte gewoane minsken hiene dat wol troch. Sko mar ris oan by saneamde keukentafelpetearen (ik haw it sels meimakke).

Resint waard skreauwn oer de minne halding fan mei-kulturele haadstêd Valetta oangeande de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia, dêr’t de direkteur fan LF2018 Van Bekkum net adekwaat genôch op reagearre. Nei sa’n oantrún yn de kranten kaam de hiele boel oan it rôljen en hat de lieding fan LF2018 him op syn hâlding foar Malta oer beret.

Ut dat en mear sokke foarbylden docht bliken dat de papieren werklikheid faak heaks stiet op de deistige werklikheid. Fan efteren nei foaren lêze fan kranten is in goeie manier om fluch ynsjoch te krijen yn hoe’t de mienskip yninoar stekt en wêr’t it knypt. Dêr goed op ynspylje is de keunst.

 

april 28, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.