Feie Fonyk: Ingelsk nei de Breksit

april 12, 2018 19:16

Saterdei 21 april hâldt de Feriening BON, Beter Onderwijs Nederland syn jiergearkomste yn it IVA, de autofakskoalle yn Driebergen. Op de wurklist stiet it Ingelsk yn it heger ûnderwiis. Fan it begjin ôf oan, no sa’n tolve jier lyn, is BON in wichtige spiler yn it ûnderwiis, ek yn it oerlis mei de minister. Sa wie en is BON fan it begjin ôf oan tige kritysk oer de saneamde lumpsum finansiering. Dat hâldt yn dat de bestjoeren in pûde mei jild krije dat se yn de praktyk foar in grut part nei eigen ynsjoch besteegje kinne. Mei as gefolch dat minsken foar dy’t foar de klasse steane har ôffreegje wêr’t it ekstra jild bleaun is dat it ûnderwiis de lêste jierren krige. Sy hawwe der neat fan fernommen. Arjen Lubach hie der ôfrûne sneintejûn in moai item oer.

Ik neam dy lumpsum finansiering mei sin, omdat it in goed foarbyld is hoe at de oerheid har werom lûkt út it ûnderwiis. De frijheid laat derta dat yn it heger ûnderwiis wat langer wat mear Ingelsk brûkt wurdt. By 75 % fan de universitêre masteropliedingen is Ingelsk de fiertaal. De TU Eindhoven hat oankundige dat fan 2020 ôf alles Ingelsk wurdt. Dat jildt no al foar de bachelor opliedingen yn Maastricht, Twinte en Wageningen. Fansels binne der foardielen. De studinten krije in grutte feardigens yn dy taal en mei Ingelsk kinst oeral yn de wrâld terjochte. Boppedat stimulearret it de ynternasjonalisearring.

BON sjocht de beswieren ek en dêr steane se net allinne yn. De measte studinten sille letter in baan yn eigen lân krije en dan is behearsking fan it Nederlânsk fan grut belang. It regear sil der neffens BON net ûntkomme om dúdlike regels te stellen oangeande it taalgebrûk yn it ûnderwiis. It seit himsels dat foar it basis- en fuortset ûnderwiis it Nederlânsk de taal bliuwt. Ek dan bliuwt der yn Fryslân, ek wetlik, mear as genôch romte foar it Frysk. Foar it heger ûnderwiis moat yn de wet fêstlein wurde wannear’t hokker taal brûkt wurdt. Fakken as Nederlânske taal en kultuer, skiednis en sjoernalistyk moatte fansels folslein yn de lânstaal oanbean wurde.

In lytse taal as it Frysk driget yn dit Ingelske taalgeweld ûnder te snijen.

De KNAW kaam ferline hjerst nei in rapport oer it taalgebrûk. Yn de gearfetting fan santjin siden, de summary – dy dus dochs yn it Ingelsk – pleitsje se foar dúdlike regels op it mêd fan it taalgebrûk.

In lytse taal as it Frysk driget yn dit Ingelske taalgeweld ûnder te snijen. Dat leit op de basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis in grutte ferantwurdlikens. Wol it Frysk ek mar in bytsje oerlibje as taal foar de wittenskip, dan sil der ynset wurde moatte op in hege behearsking fan it Frysk yn it tariedend wittenskiplik ûnderwiis (vwo). Ik haw der in swiere mûtse oer op. It CITO hat no al muoite om gaadlike teksten foar it eineksamen tekstferklearring Frysk te finen.

De wichtichste reden om foar Ingelsk yn it heger ûnderwiis te kiezen wurdt yn it KNAW-rapport net útsprutsen, mar dat kin elts sa wol betinke. De kassa rinkelet folle fleuriger mei dy tsientûzenen studinten út it bûtenlân. Ingelân mei dan ôfskied nommen hawwe fan Europa, Europa nimt gjin ôfstân fan it Ingelsk en Nederlân giet foarop. Ik hâld jo op ’e hichte oangeande de gearkomste fan nije wike. As BON-lid fan it begjin ôf, sil ik op dy gearkomste net ûntbrekke.

april 12, 2018 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.