Feest en gesellichheid yn ’e Keningsnacht

april 27, 2018 08:20

Oan de foarjûn fan Keningsdei is op in protte plakken yn Nederlân al útlitten feest fierd.

Willem-Alexander en Máxima op in eardere Keningsdei (foto: Wikipedia/Erikt – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Likernôch twahûnderttûzen minsken besochten yn De Haach it muzykfestival The Life I Live. Op in stuit wie it sa drok, dat minsken oproppen waarden om net mear nei de Grutte Merk yn it sintrum fan ’e stêd te gean. Yn Utert wie it ek al betiid drok. Oant 01.00 oere wiene dêr optredens en de hiele nacht koene minsken âld guod ferhannelje op ’e frijmerk. Yn totaal wurde der yn Utert op en om Keningsdei hinne sa’n trijehûndertûzen minske ferwachte.

Yn Arnhim, Tilburch en Eindhoven wiene ek optredens en feestlikheden. Amsterdam lûkt tradisjoneel de measte Oranjeklanten mei ferskate eveneminten en in frijmerk. Yn Ljouwert binne ek feestlikheden en in frijmerk. De keninklike famylje is hjoed te gast yn Grins. Dêr wurde tusken sechtich- en tachtichtûzen besikers ferwachte. Kening Willem-Alexander, dy’t mei syn húshâlden en famyljeleden it sintrum besitet, is hjoed 51 jier wurden.

april 27, 2018 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.