Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (11)

april 14, 2018 13:50

Kristus genêst in melaatske, Rembrandt van Rijn, om 1650 hinne

Ien mei in hûdsykte

De geast is de poarte nei de lea. Minsken wurde better as har fouten har ferjûn wurde. Sadwaande komt ien mei in hûdsykte nei my ta om myn wurksume oanwêzichheid te fiellen. It omsteand laach skrillet foar de melaatske man tebek. Ik krij him by de hân en sis.
“Wat wolsto dat ik foar dy doch?”
“As Jo it wolle, sil ik better wurde.”
“Ik wol it, wês better.”
Hy is fuort better en ik byn him op it hert om it stil te hâlden, mar dat docht er net, dat der komme grutte klibers folk op my ôf om my as wûnderdokter te rieplachtsjen. Om my te besinnen sykje ik gauris de stilte op. Dan bin ik oan it bidden en it meditearjen. Ik tink oan myn mystike ûnderfiningen en myn boadskip en linkendewei waakst myn bewitten fan myn takomst en bestimming.

Ien mei in spiersykte

De oare deis drage se ien mei in spiersykte op syn bêd nei my ta. Ik sjoch har fertrouwen en sis tsjin de sike:
“Do hast moed holden, dyn sûnden binne dy ferjûn. Lit se dy net langer ferlamje.”
De prysters dy’t oanwêzich binne, fine dat laster. Sykte is yn har eagen in straf fan God. En God allinnich kin neffens har ferjouwing jaan. Ik ried har gedachten en sis tsjin har:
“It liket maklik en sis ‘Dyn sûnden binne ferjûn’ of ‘Jou dy oerein en rin fuort.’ Mar de minske hat fan God in folmacht krigen om te ferjaan en better te meitsjen. Sjoch mar.”
En ik sis tsjin de man mei in spiersykte:
“Jou dy oerein en rin nei hûs ta.”
En hy jout him oerein, kriget syn bêd ûnder de earms en rint nei hûs ta. En it omsteand laach is fol earbied en hja priizgje God, dy’t oan minsken it fermogen ta ferjouwing en genêzing jûn hat.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon publisearre.
april 14, 2018 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*