Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (12)

april 21, 2018 09:39

Ien mei in ferskronfele hert

 

De snein geane wy wer nei de synagoge fan Kafarnaüm. Dêr is ien mei in ferskronfele hân. Hy hat in protte pine. Guon fine him fanwegen syn hân in minderweardich minske, oaren sjogge it as in straf foar wat er misdien hat. De autoriteiten wachtsje my al op, om it troch te fertellen as ik op ’e Joadske rêstdei ien better meitsje. Ik rop de man mei de skronfelhân nei foaren en freegje oan de autoriteiten:
“Mei in minske op snein wat goeds dwaan?”
Se sizze der neat op. It hert is har hurd wurden. Ik krij de skronfelhân beet, aaikje him sêft en wriuw der dan fiks oer. De hurde knopen op syn spieren wurde sêfter en hy wurdt bliid en sêft yn syn hert dat er as in meiminske behannele wurdt. Ik sis:
“Dyn hân wie ferskronfele, mar dyn hert net.”
De autoriteiten hâlde har stil.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon publisearre.
april 21, 2018 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.