Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (13)

april 28, 2018 07:57

Wêrom giet er om mei min folk

Caravaggio 1573 – 1610, Jezus nimt de tolgarder as learling

De oare deis kuierje ik by de mar del en sjoch Levi Matteüs by it tolkantoar sitten. Hy wurket dêr en wit wat it is as de lju haat tsjin immen fielle. By it tolkantoar foarderje se de belesting foar de Romeinske besetter yn. Ik sis tsjin him: “Folgje my.” En hy lit syn âlde libben efter him en folget my. In pear dagen letter nûget Matteüs my by him thús út, mei allegear kollaborateurs en ferkeard folk. In protte fan harren folgje my. Der binne ek spionnen, ferslachjouwers fan ’e autoriteiten, bywêzich en dy freegje oan myn learlingen:
“Wêrom jout Er him ôf mei minderweardich folk?”
Ik hear dat en sis:
“Sûne minsken hawwe gjin dokter nedich, mar sike lju al. Ik bin net kommen om goede en rjochtfeardige minsken te roppen, mar om minsken dy’t net goed binne better te meitsjen. En wat moat men tinke fan minsken dy’t net better wurde wolle? De Minskesoan is lykwols kommen om te sykjen nei wat ferlern wie en wat gjin omtinken krige.”
“Wat is der dan ferlern gien?”, freegje de ferslachjouwers.
“En wa binne de lju dy’t ferlern binne?”, freegje ik en sjoch har oan.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon publisearre.
april 28, 2018 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*