Eksposysje Saskia van Montfort & Kristi Neider yn Teater Snits

april 15, 2018 09:28

Nije eksposysje mei meiwurking fan Bax Kunst

By in besite oan it Teater Snits kin in nije eksposysje bewûndere wurde. De eksposysje toant wurk fan de jonge grafyske talinten Saskia van Montfort út Ljouwert en Kristi Neider út Grins.

Wurk fan Saskia van Montfort (foto: Bax Kunst)

Saskia van Montfort (1985) is in autonoom keunstner en grafikus. Hja wurket al goed tsien jier yn it Grafysk Atelier Fryslân yn Ljouwert. Dêr is se begûn mei it meitsjen fan etsen en hat se har de ôfrûne jierren talein op it seefdrukken. By it meitsjen fan seefdrukken wurket se folslein analooch. Alles wurdt mei de hân tekene op kalkearpapier om dêrnei yn in seef beljochte te wurden. Dêrnei kin it printe wurde. It tekenjen is folslein swart/wyt foar it beljochtsjen, it printsjen jout de kleur wer werom.

Hja siket yn har wurk it spanningsfjild op tusken de fine linen en de kleurde flakken en makket dêrby gebrûk fan de foarmen dy’t it wyt fan it papier meibringt. Yn har wurk binne bisten it haadtema, weromkommend yn de foarm fan skedels en bonkerakken. By it neitekenjen fan de bonkerakken komt it bist wer ta libben en sjocht men hoe’t it bist, bonkje foar bonkje, yninoar sit. Dêryn ûntstean moaie struktueren en werhellingen.

Wurk fan Kristi Neider (foto: Bax Kunst)

Kristi Neider (1976) is berne yn Estlân en wennet yn Grins. Dêr wurket se al alve jier. Neider studearre ôf oan de keunstakademy yn Tallinn, as grafysk byldzjend keunstneres. By har stúdzje ûntwikkele se har eigen styl en nei har ôfstudearjen waard se al gau frege foar reklamewurk yn Estlân en Nederlân. Har wurk kin it bêste omskreaun wurde as kleurryk mei treffende krêft, dêr’t de ynfloeden fan Pop Art, it moderne libben en fergonklike natuer dúdlik yn werom te kennen binne.

Alle wurken út de útstalling binne troch de galeryhâlder Bax mei soarch útsocht. Elkenien is fan herte wolkom om de wurken te besjen en yn de gelegenheid om de wurken te keapjen of te lienen by de keunstútlien. Yn dat lêste gefal moat kontakt opnaam wurde mei Galery Bax Kunst. De eksposysje is te besjen yn de iepeningstiden fan de kassa fan Teater Snits, nei oanmelden by de baly.

De eksposysje duorret o/m 21 july 2018. Sjoch foar mear ynformaasje op www.baxkunst.nl.

april 15, 2018 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*