Eksposysje keunstners soasjeteit ECR Kening State

april 16, 2018 10:18

Fan snein 22 april ôf wurde de keunstwurken fan de kliïnten fan de soasjeteit fan ECR Kening State yn Frjentsjer útstald op de wensoarchlokaasje.

Foto: ECR Kening State

Frou Van der Woude en de hearen D. van der Zee, Gort, Ringerwöle, Hofkamp en Bouma toane earder en resint wurk, wêrby’t ferskate techniken brûkt binne lykas akwarel, pastel, oaljeferve, akryl en spekstien. De eksposysje is fan snein 22 april oant ein augustus 2018 tusken 14.00 en 17.00 oere te besjen.

By wensoarchorganisaasje ERC, mei njoggen lokaasjes en 550 meiwurkers yn hiele Nederlân, biedt syn kliïnten in kombinaasje oan fan wenjen, wolwêzen en soarch. ECR beskikt oer sawol wensoarchapparteminten mei ferskillende lúksenivo’s as soarchhotelstudio’s foar tydlik ferbliuw.
It adres is Kening State 1 yn Frjentsjer. Foar mear ynformaasje kin men kontakt opnimme mei de resepsje fia 088 – 3280090.

april 16, 2018 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.