Doede Bleeker wurdt eare op Aaipop

april 1, 2018 08:28

De ferneamde sjongende fiskboer út Starum Doede Bleeker, dy’t koartlyn op 65-jierrige leeftyd ferstoar, sil op Aaipop op Peaskemoandei in spesjaal plak ynnimme. Letterlik, want op it festivalterrein komt in ‘Doede Bleeker plein’ dat de romte jout om Bleeker yn Aaipopsfear te betinken. Ferskate artysten sille op it plein in hommaazje bringe, derûnder trûbadoer en neef Bruno Rummler. Hy sil op it plein muzyk en teksten fan Bleeker sels hearre litte.

Dat wurdt sa dien om’t Bleeker op ien fan de earste Aaipopedysjes in wichtige rol spile as sjongende besiker. Hy seach doe dat de Nijlanner kroech troch de waarmte en de drokte gjin romte mear bea oan it feestfierende folk dat man- en froumachtich opkaam wie. Bleeker wie gau út de rie, helle syn gitaar út ’e auto en spile bûten, op in bankje, sûnder lûdfersterking, foar al dy minksen. Der ûntstie in geweldige Aaipopsfear. Dat optreden is legendarysk wurden en besikers fan Aaipop hawwe it der noch geregeldwei oer.

Dit jier komme der wer in protte artisken, dêrûnder tige ferneamde lykas Marius de Boer, Marcel Smit, Jaap Louwes, Grytz & Grize en Gerrit Breteler. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Aaipop 2018.

april 1, 2018 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*