Dit binne de finalisten fan Liet 2018

april 30, 2018 16:10

De tsien finalisten fan Liet 2018 binne moandei yn De middei fan Fryslân bekend makke troch Yvonne Bleize, foarsitter fan Liet. De finalisten binne: Klaske, Lammy Bruyns & Friends, Toussaint, Days to Imagine, Astrid en Else, Albert van der Tuin, Berend Riemersma, Else, Stonecrobs en Sequens.

Earder hie in faksjuery in seleksje fan 15 dielnimmers makke. Dy nûmers ha de ôfrûne twa wiken te hearren west by Omrop Fryslân en publyk koe op syn favoryt stimme. Der binne 2.200 stimmen útbrocht. Dy stim fan it publyk telt foar in fjirdepart mei.

De tsien finalisten litte op 13 maaie har nûmer hearre. De winner docht foar Fryslân mei oan Liet International 2018, dat op 23 maaie plakhat. Dêr komme tal fan muzikanten út ferskate minderheidstaalgebieten yn Europa. Beide finales wurde organisearre yn Neushoorn.

Tekst: Omrop Fryslân

april 30, 2018 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.