Definityf beslút Wynpark Nij Hiddum-Houw yn sicht

april 25, 2018 15:13

De ôfspraken mei de omwenners oer de lûdsreduksje, ferljochting en gjin slachskaad troch de mûnen fan Wynpark Nij Hiddum-Houw, binne definityf troch de Provinsje oernommen. Dat stiet yn it Provinsjaal Ynpassingsplan (PIP) dat no klear is. De Provinsje komt sa de gemeente Súdwest-Fryslân en stichting Hou Friesland Mooi yn ‘e mjitte. Dy hiene krityk op it ûntwerpplan. Dat plan smiet 238 saneamde sjenswizen op. Provinsje, gemeente en inisjatyfnimmers wolle eventuele oerlêst foar omwenners safolle mooglik beheine. Op basis fan sjenswizen en advizen fan de Kommisje foar de m.e.r. en de Omjouwingsadvysried (OAR) is it PIP oanpast. Op 27 juny 2018 nimme Provinsjale Steaten in definityf beslút oer it plan.

It wynmûnepark helpt de Provinsje om de doelen op it mêd fan duorsume enerzjy te heljen. Fryslân wol ôf fan de ôfhinklikens fan fossile brânstoffen, wat lanlik en ynternasjonaal ek it stribjen is. Dêrfoar is it nedich dat Fryslân oerskeakelet op in miks fan enerzjy út wyn, sinne, wetter en ierdwaarmte.

Omjouwingsoerienkomst
De inisjatyfnimmers meitsje mei de Omjouwingsadvysried ôfspraken oer in regeling foar direkte omwenners en finansjele partisipaasje. Dat wurdt fêstlein yn in Omjouwingsoerienkomst. De konsept-oerienkomst is ûnderwilens troch de OAR foarlein oan de ferieningen foar doarpsbelangen en de omwenners dy’t it oangiet. De planning is om de oerienkomst yn maaie 2018 te tekenjen.

Monitoaring sûnens
De Provinsje erkent dat de komst fan it wynpark ta soarch yn de omjouwing laat. Der is besocht dy soarch fuort te nimmen troch te wurkjen mei in OAR en troch belanghawwenden te freegjen om op de plannen te reagearjen. Op it stuit is der yn de omjouwing noch soarch oer risiko’s foar de sûnens. Alhoewol’t der neffens de lêste ûndersiken gjin inkelde oanlieding is ta soarch, hawwe de inisjatyfnimmers tasein mei de Provinsje om tasicht hâlde te litten op de eventuele effekten fan it park op de sûnens troch in ynstânsje mei ferstân fan saken. Dat wekjen oer de sûnens is unyk yn Nederlân.

Nij Hiddum-Houw
It Ryk hat mei Fryslân ôfpraat dat yn 2020 530,5 MW oan wynenerzjyfermogen realisearre is. Wynpark Nij Hiddum-Houw bestiet út njoggen wynturbinen by de kop fan de Ofslútdyk, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De ûntwikkelers binne Windpark Gooyum-Houw BV en Nuon Wind Development BV. De bou fan it wynpark is pland yn 2020. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fryslan.frl/nijhiddumhouw.

april 25, 2018 15:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.