De struktuer fan religy

april 23, 2018 10:11

Foto: pixabay.com

Okkerjiers frege in goekunde my: “Ben je gelovig?” Doe moast ik lang neitinke en op ‘t lêst sei ik: “Net mei myn ferstân, mar wol mei myn gefoel.”
En dat gefoel is grif, wat bisten ek hawwe, sjoch marris hoe selsbewust in lyster op it dak sit te sjongen. En ek by bern: der wurdt op harren past en in dei is ûneinich. Sa binne wy hast fan natuere religieus. Mar dan leart de minske te tinken en hy wurdt ferdreaun út it paradys, sa’t de Bibel sa treflik fertelt. Dan tinkt de minske: “Wêr binne myn leave deaden? En hoe komt it letter mei my?” En dan is by gâns minsken de blidens fuort.

Mar dan binne der minsken dy krije ferskinings, sprankels fan Leafde. Dat binne de profeten en dy bringe ús ferhalen fan hope. Dan kinne wy wer bliid wêze en wy sjonge mei-inoar yn tsjerken yn tank foar de Heare dy’t ús dat allegear jout.
Mar om begrepen te wurden, moasten dy profeten de taal fan de minsken brûke. En dan net allinne yn ‘e wurden, mar fan ‘e hiele maatskippij dêr’t se yn libben. En dêr sitte hiele praktyske dingen by, lykas it net iten fan bargefleis. Want ja, dêr koene trichinen yn sitte, dy’t de minske yn aaklike pine stjerre litte kinne. En sa waarden alle regels sammele, dêr’t de minske yn syn momintele sitewaasje nut fan hawwe koe. En dy wiene net yn alle parten fan ‘e wrâld itselde en feroaren ek mei de tiid.

Doe wiene der minsken dy’t fierder tochten, dy’t har ôffregen: wêrom is dit, wêrom is dat? Hoe komme dei en nacht, winter en simmer? En al sa mear. Dat neamt men wittenskip. Dat koe wêze stúdzje fan de hillige boeken, teology, mar mear en mear ek de direkte stúdzje fan de natoer, de wrâld om ús hinne. Dat joech oanlieding ta tsjinstellingen: binne wy no ûntstien troch de skepping of troch evolúsje? Dêrtroch ferlearen minsken har leauwe, wat net hoegd hie, want mei dy evolúsje is de skepping dochs in like grut wûnder?

Wat de wittenskip wol docht, dat is dat op ‘e wurdlike teology basearre machten – tsjerklike of wrâldske – har krêft ferlieze en dat de minske frijer wurdt. Dat hat yn it ferline al oanlieding west ta grutte oarloggen. En no dus wer.

Mar de wittenskip giet fierder en sa wurde wy ús hieltyd mear bewust fan de ôfmjittings fan it hielal. De tichtstby steande stjer Proxima Centauri stiet op 4 ljochtjier ôfstân. Asimov hat yn 1979 besjoen hoe’t men dêr nei ta reizgje kinne soe en mei in raket komt er dan op 88.000 jier reistiid. Tsjintwurdich geane raketten wat hurder, mar dochs lizze der noch hûnderten generaasjes tusken de fuortgeande en de oankommende reizgers. En dan is de radius fan it sichtbere hielal noch 10 miljard kear sa grut!

Dat makket de minske beskieden en wy kinne oannimme dat ús kennis en ús wittenskip ek sa lyts binne. In foarbyld dêrfan is telepaty, dêr’t wittenskiplik fan oannommen wurdt dat dy net bestiet. Dochs binne der gefallen dêr’t út bliken docht dat húsdieren, lykas hûnen, yn detail fiele wat wy tinke, sels by in ûnbekenden dy’t se net sjen kinne*). Faaks is it ek op dy wei dat wy ‘prate’ mei ús leave deaden.

Sa komme wy ta it it ynsjoch dat de wittenskip faaks nea alles ferklearje kinne sil. Dêrom kinne wy ek rêstich fertrouwe op in ivich libben, want as dat net bestiet, dan sille wy it net witte.
It opmerklike is dat men in gefoel fan fertrouwen op it ivige libben hawwe kin, sûnder dêr formeel oan te leauwen. Men kin dan soms sels it gefoel hawwe dat der immen is dy’t op jin past. En dat jout in enoarme rêst

Sa is religy alderearst fan belang as stipe yn ús daagliks libben. En it ferskaat yn leauwe hoecht gjin twivel mear te jaan, want de hillige boeken binne fral tekens fan leafde. Sa wurde tsjerken en feestsealen ien. En de minsken hoege har net mear yn drank en drugs te smiten om mar gau safolle mooglik te genietsjen!
= = =
It ferstân ferjage de minske út it paradys. Doe kamen sprankels fan leafde, mar it ferstân foarme se om ta strange religys, mei as gefolch grutte oarloggen. Doe kaam it ferstân wer en it siedde twivel en dat joech wer grutte striid.
Mar no is it ferstân safier om yn te sjen dat wy neat witte. En wy binne werom yn it paradys.

—————-
*Ik kaam ris earne op ‘e kofje. Se hiene dêr in jong hûntsje, dat senuweftich begûn te blaffen doe’t ik deryn kaam. En dat gie mar troch, ek noch doe’t ik al gesellich by de tafel siet en hy my út syn bench wei op twa meter ôfstân net mear sjen koe. Doe tòcht ik: “Do bist leaf” en tagelyk hold it blaffen op!

Pyt

april 23, 2018 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.