De nije side Fryske Reklamepriis is online!

april 17, 2018 08:48

De nije hiemside fan de FRP, www.fryskereklamepriis.nl, is yn ’e loft en dêrmei kinne wy ta op de 17e Fryske Reklamepriis (FRP). Op 14 maart 1995 waard de 1e FRP útrikt. It doel fan de Fryske Reklamepriis is it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uterings. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Dielnimmers binne bedriuwen, organisaasjes yn ’e tsjinstferliening en oare ynstellings, dy’t reklame meitsje op telefyzje en radio. De 17e FRP wurdt keazen út de reklameperioade fan it jier 2017.

De priiswinner fan de FRP   
It earste healjier stiet yn it ramt fan de telefyzjereklame, de radioreklame stiet yn it twadde healjier sintraal. Yn it oanbod kommend fan Omrop Fryslân, wurde troch de FRP-kommisje trije spotsjes nominearre. Fan 1 maaie ôf kin in moanne lang online stimd wurde. Dyjingen dy’t dat dogge meitsje kâns op it winnen fan in moaie iPad.

It reklamespotsje mei de measte stimmen kriget it ferneamde Grutte Pier-byldsje, in oarkonde en in dofke jild. It orizjinele Grutte Pier-byld is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert. By de FRP heart it byld fan de Fryske identiteit. It is mei de FRP ek in kwestje fan folhâlden as storein mei Frysktalige reklameboadskippen yn Fryslân, foar in grutte oermacht fan Hollânsktalige spots oer. It byld hat dan ek in útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

De priiswinner(s) kin(ne) besite ferwachtsje fan in nijsgjirrige delegaasje!

Foar mear ynformaasje kinne jo in e-post stjoere nei ynfo@fryskereklamepriis.nl, ornearre foar Siem de Vlas of Hans Kort.

april 17, 2018 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*