Binne lange lûden yn it Frysk eins twilûden? (In dei Frisian Humanities)

april 23, 2018 20:52

Troch Henk Wolf

Friezen dy’t it weagje om ynstee fan ‘tiid’ ‘tied’ te sizzen, kinne op krityk rekkenje. Yn dat wurd ferwachtsje in protte minsken in lange i-klank, net in saneamd twilûd. In twilûd bliuwt by it útsprekken net itselde, mar feroaret yn in oare klank. Yn it gefal fan ‘tied’ is dat in u-achtige klank, dy’t yn ‘e taalkunde ‘sjwa’ neamd wurdt.

Mar hat it Frysk eins wol lange klanken? Dy fraach stelde Didier Demolin hjoed op it kongres Frisian Humanities yn Ljouwert. Demolin wurket eins oan ‘e Université Paris 3, mar sit in skoft as gastûndersiker by de Fryske Akademy om allegear details fan ‘e Fryske útspraak te bestudearjen. De lange lûden hearre dêrby. Op ‘e kompjûter kin er heel krekt neigean wat minsken sizze en proefpersoanen krije sels in pypke yn ‘e noas, sadat de ûndersiker neigean kin hokker klanken oft se nasaal útsprekke.

Frysk liket op Deensk

Demolin hat yn it foarste plak sprekkers fan it Klaaifrysk bestudearre. It foel him op dat dy, oars as de boeken sizze en wy gauris tinke, net safolle echte lange lûden brûke. Faak feroaret de klank ûnder it útsprekken yn in oaren, dy’t nasaal útsprutsen wurdt. In sprekker dy’t ‘dôf’ sei en tocht dat er in lange oh-klank brûkte, sei ynstee dêrfan in klank dy’t begûn as in aa, en doe oergong op in nasale a. Fierder blike, yn alle gefallen op ‘e Klaai, in protte minsken ek te praten mei in lyts kreakje yn ‘e stim as se in lang lûd útsprekke. Der wienen noch te min gegevens om der mei wissichheid wat oer sizze te kinnen, mar it like derop as wie dat fral by manlju en by âldere sprekkers it gefal. Neffens Demolin like dat wol wat op ‘e Deenske stjitklank.

It kongres Frisian Humanities is de opfolger fan it Frysk filologekongres, dat sûnt de jierren fyftich alle jierren holden waard. Yn ‘e nije opset is it wat grutter en ynternasjonaler. Wy sieten yn de Harmonie ynstee fan op ‘e Fryske Akademy, mei wat bûtenlânske gasten. De fiertaal wie oars meast Frysk, no meast Ingelsk, al wienen der ek wat praatsjes yn it Frysk, Nederlânsk en Dútsk.

De kofje, se moat ôfkuolje

By de taalkundelêzingen foel op dat der in soad minsken wat oer útspraak fertelle woenen. Oars wie dat altyd in fergetten hoekje fan ‘e Fryske taalkunde. Jörg Peters fan de universiteit fan Oldenburg fertelde oer syn ûndersyk nei de útspraak fan lûden yn it Sealterfrysk en yn it Platdútsk en Heechdútsk fan it Sealterlân. Opfallend wie dat de útspraak fan lûden yn it Sealterfrysk en Platdútsk gelyk is, wylst de útspraak derfan yn it Heechdútsk fan Sealterfriezen wat tusken de Frysk/Platdútske útspraak en de algemiene Heechdútske útspraak yn sit. Carlos Gussenhoven út Nijmegen ferlike ferskillende foarmen fan klam yn in stikmannich talen. It Frysk kaam sydlings oan ‘e oarder, as in taal mei haadklam op ien fan ‘e wurdlidden fan in wurd, wylst oare talen, bygelyks it Berber, eins gjin klam lykje te hawwen. Sprekkers fan sokke talen begripe de ûndersiker faak net as dy har freget om in wurd ‘mei mear klam’ út te sprekken.

Myrthe Bergstra út Utert is dwaande om de ferskillen yn sinbou tusken Frysk en Nederlânsk yn kaart te bringen. Har praatsje gong oer de absintyfkonstruksje, dy’t yn it Frysk makke wurdt mei it wurdsje ‘te’: ‘Jan is te fiskjen’. Dy konstruksje drukt altyd út dat ien by hanneling (hjir it fiskjen) op in oar plak (absint) is. Jarich Hoekstra fertelde hoe’t âlde grammatika’s fertelle dat der nei dranken ferwiisd wurde koe mei ‘hja’ of ‘se’ (‘De kofje is hyt. Se moat noch efkes ôfkuolje.’). Hoekstra liet sjen dat net allinne dranken, mar ek oare stoffen sa’n ferwizing mei in froulik foarnamwurd krigen. Pas yn ‘e tweintichste ieu kaam ‘hy’ of ‘it’ derfoar yn it plak. Hoekstra liet sjen hoe’t de betsjutting fan in wurd ynstee fan it geslacht heeltyd mear it foarnamwurd bepaalt.

Fryske jongereinboeken

De Italiaanske ûndersiker Andrea Maini docht yn Noarwegen ûndersyk nei de betide skiednis fan de Germaanske talen. Hy besocht om it komôf te achterheljen fan it Fryske wurd ‘boat’, dat komme soe fan in Germaansk wurd ‘bauta’ en besibbe wêze soe oan ‘beitel’. Hy helle dêrby in grut ferskaat oan Fryske dialekten oan. De Poalske ûndersiker Lukasz Gagala wurket yn Dútslân oan software dy’t neigean kin oft twa teksten troch deselde auteur skreaun binne. Hy hat dy loslitten op in Aldfryske rjochtstekst om sjen te litten dat dy nei alle gedachten troch ferskillende minsken skreaun binne.

Yn de seal mei literatuerkolleezjes fertelde Gerbrich de Jong fan de NHL oer har ûndersyk nei Fryske jongereinliteratuer. Sy liet sjen hoe’t ûnderwiis bern helpe kin om as lêzer te groeien. De site lezenvoordelijst.nl helpt dêrby. Der is lykwols in kwantitatyf probleem: foar de leefydsgroep fan tolve oant en mei fytjin jier binne yn dizze ieu mar tsien oarspronklike Fryske boeken skreaun. Wêrom oft der gjin animo is om foar dy groep te skriuwen, is in riedsel. Jongereinboeken ferâlderje hurd, dat it is saak dat der geregeld nijen by komme, leafst boeken dy’t net yn it Nederlânsk besteane.

It kongres rint noch oant en mei tongersdei. Ik haw it spitigernôch net oan tiid om noch mear lêzingen by te wenjen, mar wa’t fan ‘e wike noch de gelegenheid hat, dy moat it net litte. Oanmelde kin op ‘e site fan ‘e Fryske Akademy: https://www.fryske-akademy.nl/nl/frisianhumanities/

april 23, 2018 20:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.