Bill Cosby skuldich oan oantaasting Andrea Constand

april 26, 2018 21:48

De Amerikaanske akteur Bill Cosby is skuldich oan it oantaasten fan Andrea Constand. Hy soe de frou yn 2004 in sliepmiddel jûn en dêrnei misbrûkt hawwe. Dat hat in rjochtbanksjuery yn ‘e steat Pennsylvania útmakke.

De no tachtichjierrige Cosby seit dat frou Constand út frije wil it bêd mei him dield hat. Hy wie poerrazend oer de útspraak en hat de sjueryfoarsitter útskeld. Hy sil yn berop gean tsjin ‘e útspraak. Wat de straf wurdt, moat noch útmakke wurde. De rjochter docht dêr oer twa of trije moanne útspraak oer.

Cosby wurdt fan noch fjouwer oare gefallen fan misbrûk beskuldige.

 

april 26, 2018 21:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.