Beleefrûte Fryslân is lansearre

april 30, 2018 17:41

Fryslân behellet as fanâlds hege sifers as toeristyske bestimming foar wettersporters, fytsers en kuierders. De fysike ynfrastruktuer mei wiidweidige knooppuntnetwurken en rûtebeskriuwingen op it lân en it wetter meitsje de provinsje ta in graach besochte bestimming. Net frjemd dat der yn Fryslân hûnderten rûten te folgjen binne.

Mei de lânsearring fan de nije rûte app “Routes Friesland Style” kriget de provinsje der no ek in digitale ynfrastruktuer by. Untstien út in moaie gearwurking tusken Merk Fryslân, gemeente Ljouwert en Stedsregio Ljouwert, Wetterskip Fryslân, de Provinsje, Marrekrite én it Kulturele-Haadstêdprojekt WaterConnecting2018 is by gelegenheid fan it Wetterfestival op 28 april in state-of-the-art rûte app lânsearre. Neist ienfâldige rûten om te navigearjen, binne yn de app ek wiidweidige beleefrûtes te finen. Beleefrûten binne rûten dy’t opfleure binne mei informative filmkes, fotosearjes, augmented reality, audiotours of tekst en útlis by guon tema’s.

Yn de app binne by de lansearring op 28 april 2018 in fjirtichtal aktuele rûten opnommen út de ferskillende omkriten en fjouwer bysûndere wetterbeleefrûtes dy’t ûnder it programma WaterConnecting2018 makke binne. Yn de kommende moannen wurdt dat oanbod útwreide.

De kommende moannen sil Merk Fryslân him dwaande hâlde mei it fierder útbouwen fan de rûten en funksjonaliteiten yn de app.

Fan 28 april 2018 ôf is de app “Routes Friesland Style” te bemachtigjen yn de Apple App Store en Google Play Store.

april 30, 2018 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.